Blaumiezen
| Blaumiezen | ||
| (Euraziatyske) blaumies (Cyanistes caeruleus) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | miesfûgels (Paridae) | |
| skaai: | blaumiezen (Cyanistes) | |
| Kaup, 1829 | ||
Blaumiezen (Cyanistes) foarmje in skaai fan sjongfûgels út de famylje fan 'e miesfûgels (Paridae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferline waarden de soarten út dit skaai by it grutte skaai Parus yndield, dêr't ûnder oaren ek de blokmies ta heart. Ut ferskate DNA-stúdzjes (fan mtDNA-cytochroom b) hat lykwols bliken dien dat de blaumiezen genetysk genôch ôfwike om yn in apart skaai set te wurden. De fûgels yn dit skaai foarmje in aparte tûke yn 'e famylje fan 'e miesfûgels en binne net sa nau besibbe oan oare miezen as earder tocht waard. It skaai waard al yn 1829 útsteld troch de Dútske natuerûndersiker Johann Jakob Kaup, mar wurdt earst sûnt de iere 21e iuw algemien erkend troch de ynternasjonale taksonomyske autoriteiten.
Skaaimerken en ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels fan it skaai binne lytse, tige akrobatyske miezen. In opfallend skaaimerk fan 'e measte soarten binne de helderblauwe, wite en giele kleuren yn it fearrekleed, kombinearre mei donkere streken oer de eagen of in donkere kraach yn 'e nekke. Se binne lytser en lichter fan stâl as soarten út it skaai Parus.
Blaumiezen libje yn 'e maitiid en simmer foar it grutste part fan ynsekten, rûpen en spinnen. Yn 'e hjerst en winter geane se lykwols foar in grut part op sied en nuten oer. Yn kâldere moannen komme se ek by foertafels yn tunen. It binne hoalebrieders dy't by foarkar harren nêst meitsje yn beamholtes of nêstkasten. It nêst wurdt ornaris makke as in sêfte kom fan moas, nullebeamnuddels, fearkes en hier.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei wurde der meastentiids trije soarten yn it skaai erkend, ôfhinklik fan 'e taksonomyske status fan 'e gielboarstazuermies. Der fynt gauris hybridisaasje plak op lokaasjes dêr't de ferspriedingsgebieten inoar oerlaapje (lykas de krusing tusken de blaumies en de azuermies yn West-Ruslân, dy't as de Pleskesmies bekend stiet). Yn ûndersteande tabel is ek de gielboarstazuermies meinommen, dy't troch guon taksonomen as in aparte soarte behannele wurdt, mar ornaris as in ûndersoarte fan 'e azuermies.
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status |
|---|---|---|---|---|
| Afrikaanske blaumies | Cyanistes teneriffae | Noard-Afrika en de Kanaryske Eilannen | net bedrige[1] | |
| Azuermies | Cyanistes cyanus | Ruslân en Sintraal-Aazje | net bedrige[2] | |
| (Euraziatyske) Blaumies | Cyanistes caeruleus | Jeropa en Lyts-Aazje | net bedrige[3] | |
| Gielboarstazuermies | Cyanistes cyanus flavipectus | Sintraal-Aazje (fan Kirgyzje oant Afganistan) |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
