Springe nei ynhâld

Blaukopkwarteldo

Ut Wikipedy
Blaukopkwarteldo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaiblaukopkwarteldowen (Starnoenas) Bonaparte, 1838
soarte
Starnoenas cyanocephala
Linaeus, 1758
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De blaukopkwarteldo (Starnoenas cyanocephala) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae). De soarte is in bedrige, endemyske fûgelsoarte yn Kuba en monotypysk yn it skaai blaukopkwarteldowen (Starnoenas).

De 30 oant 33 sm lange do is in opfallende soarte mei in blauwe kroan mei in brede, swarte eachstreek en in wite streek ûnder it each, dy't oer de wangen trochrint. Under de snaffel op 'e kiel sit in swart plak as in soarte fan slabbe mei op 'e ûnderste helte dêrfan in smelle wite streek om it swart. Fierder is de fûgel op it boarst en de búk kanielkleurich en fan boppe donker griisbrún.

Groepke foerazjearende blaukopkoarteldowen.

De soarte is endemysk yn Kuba en it leefgebiet bestiet út leechlân bosk, sompen en bytiden ek yn heuvelbosk. It is in skouwe soarte dy't libbet yn 'e ûndergroei op 'e grûn, dêr't er nei sied, beien en slakken siket.

Oant healwei de 19e iuw wie de blaukopkwarteldo in gewoane fûgel. Streuperij, yntroduksje fan rôfdieren lykas katten en it ferlies fan habitat soargen doe al foar in delgong fan 'e soarte. Om 1920 hinne wie de fûgel al folle minder oanwêzich op Kuba en sûnt de jierren 1980 is it ferspriedingsgebiet redusearre ta in pear lokaasjes. Yn 2016 rûsde Birdlife International op 600 oant 1700 folwoeksen fûgels en troch streuperij nimme dy oantallen fierder ôf. Dêrfandinne stiet de do as bedrige (EN, 2020) op 'e Reade list fan 'e IUCN. De primêre ynspanningen foar it behâld fan 'e soarte binne oant no ta (2025) beheind ta de beskerming fan it habitat dêr't de fûgel foarkomt, lykas it skiereilân Guanahacabibes en Parque Nacional La Güira.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: