Springe nei ynhâld

Blaukopboskiisfûgel

Ut Wikipedy
Blaukopboskiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiboskiisfûgels (Actenoides)
soarte
Actenoides monachus
Bonaparte, 1850
IUCN-status: gefoelich

De blaukopboskiisfûgel (Actenoides monachus) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai fan 'e boskiisfûgels (Actenoides).

Blaukopboskiisfûgel yn it Tangkoko Nature Reserve.

De 31 sm grutte iisfûgel hat in donkere kop, in sterke felreade snaffel, in wite kiel, in kastanjebrún ûnderbealchje en griene boppedielen. De nominaatfoarm hat in blauwe kop en in heldergriene sturt. De ûndersoarte capucinus hat in swarte kop en in doffere griene kleur op 'e sturt.

De soarte is endemysk op Selebes (Sûlawezy) en telt twa ûndersoarten:

  • A. m. monachus: noardlik en sintraal Selebes, Manado Tua en Lembeh.
  • A. m. capucinus: eastlik, súdeastlik en súdlik Selebes en Buton.

It biotoop bestiet út primêre en grutte sekundêre leechlân bosken oant in hichte fan 1100 m.

De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt as net gewoan beskreaun. Troch ferlies oan en degradaasje fan bosk wurdt oannommen dat de oantallen foars ôfnimme. Ek foar de takomst wurdt mear en yn tanimmende mjitte biotoopferlies ferwachte. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan hast bedrige (2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: