Blaukielielgoes
| blaukielielgoes | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Urile penicillatus | ||||||||||||
| Cassin, 1852 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De blaukielielgoes (Urile penicillatus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt foar lâns de westkust fan Noard-Amearika, oant yn it suden fan Baja California.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaukielielgoes is in frij grutte ielgoes fan 84–89 sm lang, mei in koarte sturt. Yn ferliking mei de pelagyske ielgoes is er grutter, mei in dikkere hals, in krêftiger snaffel en in koartere sturt. Ek libbet er faker yn groepen. Yn 'e flecht falt njonken de koarte sturt ek op dat in wyt plak op 'e boppeskonken ôfwêzich is.
Yn it briedseizoen kriget de fûgel in blauwe kielsek en ferskine der lytse wite triedfearkes oan 'e kanten fan 'e kop, ûnder oaren by it ear. Dy binne lyts en minder opfallend as de túfkes fan guon oare ielguozzen. Juvenilen binne brúnich op it boarst en hawwe in ljochte kielsek, ynstee fan 'e donkere kleur dy't by folwoeksen fûgels foarkomt. By folwoeksen fûgels is de kielsek bûten it briedseizoen ek ljocht fan kleur.
Lykas de measte ielguozzen is de blaukielielgoes meast stil. Yn it briedseizoen binne by de briedplakken lykwols ferskate kreakjendw en gromjende lûden te hearren.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaukielielgoes komt foar yn kustwetters fan súdlik Alaska oant Baja California. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten ûnderskaat wurde.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte waard tradisjoneel yn it skaai Phalacrocorax set. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliken die dat Phalacrocorax út ferskate âlde ûntwikkelingslinen bestiet, waard it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De blaukielielgoes wurdt no, tegearre mei syn neiste sibben de readmaskerielgoes, pelagyske ielgoes en de útstoarne brilielgoes, yn it skaai Noardpasifyske ielguozzen (Urile) pleatst.
Sibskip fan 'e ielguozzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaaneftigen (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaaneftigen as takson in parafyletyske groep foarmen. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaukielielgoes is algemien yn kustwetters. Hy dûkt nei relatyf grutte fisken, meastentiids krekt bûten de brâning. De fûgels binne faak rêstend yn groepen op rotsen te sjen of fleane yn in rige leech boppe it wetter.
De soarte briedt yn koloanjes op kustrotsen en eilannen. De aaien wurde fan maart oant july lein. Yn it briedseizoen wurdt de keale hûd by de snaffel blau.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaukielielgoes hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Hoewol't it tal fûgels nei alle gedachten ôfnimt, is de ôfname net grut genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
