Springe nei ynhâld

Blaugriene tangare

Ut Wikipedy
Blaugriene tangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiblauwe tangaren (Thraupis)
soarte
Thraupis glaucocolpa
Cabanis, 1851
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De blaugriene tangare (Thraupis glaucocolpa) is in fûgelsoarte fan it skaai blauwe tangaren (Thraupis) út de famylje echte tangaren (Thraupis). De soarte komt yn it meast noardwestlike diel fan Súd-Amearika foar.

De oant 16 sm lange fûgelsoarte weaget 31 oant 37 gram. De kop en de rêch binne griis, it boarst is fealgriis mei in blaugriene skimering, de ûnderbúk en de anaalstreek binne wyt en de wjukken binne akwamaryn. Tusken mantsjes en wyfkes bestiet wat fearrekleed oanbelanget gjin ferskil. De iris is donkerbrún en de poaten en snaffel binne griis.

De soarte is te sjen yn Kolombia en Fenezuëla. It biotoop bestiet út drûch leafbosk of gebieten mei toarnstrûken, bosk oan rivieren, grutte tunen en parken, fral as der hege beammen binne. Yn 'e briedtiid lit de fûgel him ek yn minder drûge gebieten sjen. It is in fûgel fan it lêechlân oant in hichte fan heechút 500 m.

Der is gjin rûzing oer de grutte fan 'e populaasje, mar de soarte komt yn it habitat fan syn ferspriedingsgebiet frij algemien foar. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en de IUCN klassifisearret de fûgel dêrfandinne as net bedrige op 'e Reade list (LC, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: