Springe nei ynhâld

Blauburdamazône

Ut Wikipedy
Blauburdamazône
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaiAmazônepappegaaien (Amazona)
soarte
Amazona festiva
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De blauburdamazône (Amazona festiva) is in pappegaai-eftige út de famylje fan 'e pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst yn 1758 troch Carolus Linnaeus publisearre.

Blauburdamazone yn it Nasjonaal park fan 'e Jaú yn Brazylje.

Blauburdamazônes wurde 34 sm lang en ha foar it measte griene fearren. Fan 'e eagen rint oer de snaffel in smelle foarhollebân. Boppe de eagen binne de fearkes blau en de wangen binne grien. De eachring is griis en de iris oranjeread. Under it kin hat de fûgel in blauwe tekening dêr't de fûgel de namme oan tanket. De fearren yn 'e nekke ha swarte seamen. De fearren op 'e wjukken griengiele seamen, mar de haadslachpinnen en de primêre dekfearren binne fioletblau. De stút is read en de sturt grien mei in griengiel ein.

De soarte wurdt yn ta ûndersoarten ferdield:

  • Amazona festiva festiva: komt foar yn eastlik Ekwador, noardlik Perû en súdlik Kolombia. In gebiet dêr't se in soad sjoen wurde is de bopperin fan 'e Orinoco.
  • Amazona festiva bodini (Finsch, 1873): it meast noardeastlike part fan Kolombia en in grut part fan westlik Fenezuëla.

De Amazona festiva bodini is mear gielgrien as de Amazona festiva festiva. De foarhollebân is minder smel en mear oranjeread. De fearren fan 'e krún, nekke en it boarst ha swarte seamen. De leien binne swart en de wangen ha in blauwe waas. De slachpinnen binne net donkerblau lykas by de nominaatfoarm, mar blaueftich grien.

It habitat fan 'e soarte bestiet út tichte wâlden oan riviergebieten en sompen.

Blauburdamazônes ite fruchten, nuten, sied, beien, blommen en knoppen.

In grutte bedriging foar de blauburdamazône is de ûntbosking yn it Amazônebekken foar de feehâlderij en sojaproduksje, dat mooglik makke wurdt troch de oanlis fan nije diken troch de reinwâlden. Nettsjinsteande dat bliuwe der noch grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet yntakt. Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de soarte wurdt as algemien omskreaun. Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte ôfnimme. De IUCN klassifisearret de soarte op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2022).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: