Blaubrautangare
| Blaubrautangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tangara cyanotis | ||||||||||||
| Sclater, 1858 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blaubrautangare (Tangara cyanotis) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaubrautangare is in swart mei turkwaze fûgel, mei in dúdlike turkwaze eachbraustreek en in perzikkleurige búk. De soarte kin betize wurde mei de swartnektangare (Tangara labradorides), mar de blaubrautangare hat folle mear swart op it gesicht, dat mei it swart op 'e rêch ferbûn is.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De blaubrautangare wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:
- Tangara cyanotis lutleyi – komt foar yn 'e Andes fan Súd-Kolombia oant eastlik Ekwador en eastlik Perû.
- Tangara cyanotis cyanotis – komt foar yn 'e yunga fan noardwestlik Bolivia (La Paz en Cochabamba)
De blaubrautanager is in seldsume fûgel fan 'e dizebosken. Se foerajearje yn 'e middelste en boppeste lagen fan it bosk en wurde yn mingde keppels waarnommen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de soarte ôfnimt, mar net bot genôch om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearre de fûgel dêrfandinne as net bedrige (LC, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
