Blaubok
| Blaubok | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Yllustraasje fan in blaubok | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Hippotragus leucophaeus | ||||||||||||
| Pallas, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Histoaryske fersprieding yn it súdwesten fan Súd-Afrika |
De blaubok (Hippotragus leucophaeus) is in útstoarne bistesoarte yn 'e ûnderfamylje fan 'e hynste-antilopen (Hippotraginae). De blaubok kaam eartiids foar yn Súd-Afrika.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bist hie griis hier mei in blauwe gloed dy't it syn namme joech. De bisten hiene swarte hoarnen mei ferdikkingen dy't ringen foarmen. De hoarnen fan in eksimplaar yn it British Museum binne 56,5 sm lang. It bist hie in skofthichte fan 119 sm. Nei alle gedachten wiene dy ôfmjittings by de measte yndividuen wat lytser. It burd dat op âlde tekeningen foarkomt is mooglik in fersin. Oarspronklik waard oannommen dat de blaubok nau besibbe wie oan 'e geit, wat de flater yn 'e namme ferklearret. Op it brune gesicht siet in wyt plak foar elk each. Mei in rûge lichemslingte (kop en romp) fan 230 oant 280 sm wiene de wyfkes lytser as de mantsjes. Mantsjes waarden nei alle gedachten 250 oant 300 sm lang. De blaubok woech nei't oannommen wurdt om de 160 kg hinne.
Fersprieding en útstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet wie in regio oan 'e kust yn it súdwesten fan Súd-Afrika. In hûd dy't yn 1783 ferskate hûnderten kilometers eastlik fan it bekende gebiet kocht waard, wie dêr mooglik hinne brocht. Yn 'e lêste iistiid kaam de soarte mooglik yn hiel súdlik Súd-Afrika foar. Resten binne fûn by ferskate opgravings. Grotskilderingen dy't nei alle gedachten de soarte ôfbyldzje, binne boppedat bekend út it noardeasten fan Súd-Afrika.
Kolonisten út Europa kamen dêr yn 'e 18e iuw en jagen op 'e antilope foar it fertier. Al nei in pear jier wie de soarte útrûge. Dêrfoar naam it oantal al ôf troch konkurrinsje fan fee fan 'e lânseigen befolking fan Afrika. De lêste blaubok waard yn it jier 1799 of 1800 deade. Opstoppe eksimplaren binne hjoed-de-dei te finen yn musea fan Stockholm, Parys, Leien, Amsterdam en Wenen. Ek yn Uppsala wurde resten fan in blaubok bewarre.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas by oare famyljeleden foarmen in mantsje, in pear wyfkes en harren jongen in keppel fan likernôch 20 bisten. Soms ûntstiene der gefjochten tusken it mantsje fan 'e keppel en in frjemd mantsje, wêrby't de bisten harren hoarnen brûkten. Wyfkes hiene it fermogen om it hiele jier troch te pearjen. Nei in draachtiid fan njoggen moannen waard der meastentiids ien jong berne. Mantsjes dy't te jong of te swak wiene om in eigen keppel te foarmjen, sieten yn frijfeintegroepen. In protte kealtsjes waarden troch liuwen, loaihynders en hyena's opfretten. Guon bisten waarden oant 18 jier âld.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guon soölogen beskôgje de blaubok as in ûndersoarte fan 'e hynsteantilipe (Hippotragus equinus), mar meastentiids wurdt er as in selsstannige soarte sjoen.
De-extinciton
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de hjoeddeiske foarútgong yn 'e genetika binne wittenskippers dwaande mei de mooglikheid om de blaubok werom te bringen. Om't der yn museä noch ferskate opsette eksimplaren en bonken bewarre wurde, is it slagge om it folsleine genoom (it genetysk materiaal) fan it bist yn kaart te bringen.
It ûndersyk rjochtet him op it brûken fan it DNA fan 'e nau besibbe hynderantilope (Hippotragus equinus). Troch dy syn DNA mei moderne techniken oan te passen, hoopje ûndersikers in bist te kreëarjen dat de skaaimerken fan 'e blaubok werom hat. It doel is om de blaubok úteinlik wer út te setten yn syn oarspronklike libbensgebiet yn Súd-Afrika, om dêr syn oarspronklike ekologyske rol wer yn te nimmen.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
