Springe nei ynhâld

Blauboarsttangare

Ut Wikipedy
Blauboarsttangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara cyanoventris
Vieillot, 1819
net bedrige
ferspriedingsgebiet

Ferspriedingsgebiet yn Brazylje.

De blauboarsttangare (Tangara cyanoventris) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is in endemyske fûgel fan Brazylje.

Fûgel yn it Nasjonaal park Itatiaia.

De blauboarsttangare is in lytse tangare mei felle kleuren. De fûgel ûnderskiedt him troch syn giele kop, mei swart om 'e snaffel en in swart plakje op 'e kiel. It boarst is ljochtblau en de búk giet nei grien oer. De rêch is giel en swart streke en op 'e wjukken en sturt wurdt it giel ferfongen troch felgrien.

De fûgel komt foar yn súdeastlik Brazylje (súdlik Bahia en súdeastlik Minas Gerais oant eastlik São Paulo) en wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blauboarsttangaren libje yn berchwâlden en jonge bosken en wurde meastentiids yn pearkes of lytse groepkes heech yn 'e beammen of krekt derûnder waarnommen, faak as ûnderdiel fan trekkende mingde keppels.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme, mar net bot genôch om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearre de soarte as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: