Springe nei ynhâld

Blauboarstiisfûgel

Ut Wikipedy
Blauboarstiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai echte beamiisfûgels (Halcyon)
soarte
Halcyon malimbica
Shaw, 1812
IUCN-status: net bedrige

De blauboarstiisfûgel of leie-iisfûgel (Halcyon malimbica) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De blauboarstiisfûgel is in 25 sm lange iisfûgel. Hy hat in soad fan 'e Senegaleeske iisfûgel, mar de fan boppe reade en fan ûnder swarte snaffel is folle swierder. It boarst, de rêch en de sturt fan folwoeksen fûgels binne turkwase, wylst de ûnderdielen wyt binne. De kop fan 'e soarte is boppe griisbrún en der rint in brede swarte eachstreek oant de snaffel. De fûgel hat reade poaten.

It ferspriedingsgebiet leit foar it grutste part yn Afrika fan Senegal yn it west oant West-Tanzania yn it easten. It leefgebiet bestiet út bosk en wetter en mangroves.

Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend:

Undersoarten blauboarstiisfûgel
Wittenskiplike
namme
Beskriuwer Fersprieding
H. m. torquata Swainson (1837) Fan Sierra Leöane oant West-Kameroen en op it eilân Bioko.
H. m. forbesi Richard Bowdler Sharpe
(1892)
fan Senegal en Gambia oant Guinee-Bissau en westlik Maly.
H. m. dryas: Hartlaub
(1854)
Op it eilân Prinsipe yn 'e Golf fan Guinee.
H. m. malimbica: Shaw
(1812)
fan Kameroen oant Uganda en Sambia.

Blauboarstiisfûgels binne lûdroftige fûgels. Se ite wringeleazen lykas grutte ynsekten, krabben, fisk, kikkerts en ek wol nuten fan 'e oaljepalm. Se briede meastentiids yn holtes fan termiteheuvels en in lechsel bestiet út twa aaien.

Is is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de soarte giet efterút troch de ferneatiging fan geskikt biotoop. Om't de efterútgong minder heech is as 30% yn trije generaasjes, wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op de:Zügelliest