Springe nei ynhâld

Blauboarstdwerchiisfûgel

Ut Wikipedy
Blauboarstdwerchiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai dwerchiisfûgels (Ceyx)
soarte
Ceyx cyanopectus
Lafresnaye, 1840
IUCN-status: (net bedrige)

De blauboarstdwerchiisfûgel (Ceyx cyanopectus; synonimen: Alcedo cyanopectus, Alcedo cyanopecta, Alcyone cyanipectus en Ceyx cyanopecta) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De blauboarstdwerchiisfûgel is in lyts iisfûgelstje fan likernôch 14 sm lang (ynklusyf sturt) en wykt fan 'e gewoane iisfûgel ôf troch de donkerder kop, sturt en wjukken en de blauwe bannen oer it boarst.

De blauboarstdwerchiisfûgel is in iisfûgelsoarte, dy't allinne op 'e Filipinen foarkomt en hjit yn it Filipynsk Tapsuk. Fan 'e soarte binne twa ûndersoarten bekend:

  • Ceyx cyanopectus cyanopectus: Luzon, Mindoro en oanbuorjende eilannen. It mantsje fan 'e nominaatfoarm hat twa blauwe bannen oer it boarst en it wyfke ien of in ûnderbrutsen bân. De snaffel fan 'e nominaatfoarm is fan ûnder read. Se ha mear blau oan 'e sydkanten as de súdlike ûndersoarte.
  • Ceyx cyanopectus nigrirostris: Negros en Panay. It mantsje fan 'e Ceyx cyanopectus nigrirostris hat ien of oardel en it wyfke in ûnderbrutsen blauwe bân. Dizze ûndersoarte hat in folslein swarte snaffel.

It Handbook of the Birds of the World behannelet de twa ûndersoarten as aparte soarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fûgel mei proai.

Blauboarstdwerchiisfûgels ite fisk en wetterynsekten. Hy jaget fan oerhingjende tûken en dûkt steil it wetter yn om 'e proai te fangen, dy't er werom bringt nei de tûke en dêr opyt. Fan wringedieren slacht er earst de rêchbonke stikken. Der is net in soad ynformaasje oer it nêstgedrach. It is bekend dat er it nêst yn iggen fan streamkes en rivieren graaft.

Der binne gjin rûzingen fan 'e totale populaasje, mar de soarte ferskilt fan seldsum oant algemien. De soarte is ôfhinklik fan bosk en der is sprake fan ferlies fan bosk yn it ferspriedingsgebiet. Dêrfandinne wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list lykwols as net bedrige

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: