Springe nei ynhâld

Blau-eachkakketoe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Blau-eachkakatoe)
blau-eachkakketoe
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljekakketoefûgels (Cacatuidae)
skaaiwite kakketoes (Cacatua)
soarte
Cacatua ophthalmica
Sclater, 1864
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De blau-eachkakketoe (wittenskiplike namme: Cacatua ophthalmica) is in fûgel út it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de famylje fan 'e kakketoefûgels (Cacatuidae) en it skaai fan 'e wite kakketoes (Cacatua). Yn 'e mande mei fiif nau besibbe soarten foarmet dizze fûgel it ûnderskaai fan 'e echte wite kakketoes (ek Cacatua). De blau-eachkakketoe komt foar op it eilân Nij-Brittanje yn Papoea Nij-Guineä. Dizze fûgel is in deidier mei in fierhinne (mar net folslein) herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret de blau-eachkakketoe as kwetsber.

De blau-eachkakketoe is endemysk op it eilân Nij-Brittanje yn 'e Bismarckarsjipel fan noardeastlik Papoea Nij-Guineä. Dat is it grutste eilân yn Papoea Nij-Guineä, ôfsjoen fan Nij-Guineä sels.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blau-eachkakketoe is in grutte kakketoe mei in totale lichemslingte fan likernôch 50 sm en in gewicht fan 490 g. It fearrekleed is fierhinne wyt, mei in giele toef op 'e kop. Dy leit ornaris plat opteard op 'e efterholle, mar wurdt by opwining rjochtop set. De kromme, skerpe snaffel is grizich útskaaiend nei swart, en de poaten, mei deselde kleur, hawwe fjouwer teannen, wêrfan't twa nei foarren wize en de oare beide nei efteren (sygodaktyly).

De kop fan in blau-eachkakketoe mei de plat tearde giele toef.

Der bestiet net folle seksuele dimorfy by dizze fûgel. Guon mantsjes hawwe dûnkerbrune eagen en party wyfkes hawwe readbrune eagen, mar dat ûnderskie is lang net altyd in betroubere faktor om 'e geslachten útinoar te hâlden. Blau-eachkakketoes kinne út 'e fierte wei maklik betize wurde mei eksimplaren fan 'e grutte gieltoefkakketoe (Cacatua galerita) of de lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea), mei't alle trije soarten wyt binne en oer in giele toef beskikke. De blau-eachkakketoe ûnderskiedt him fan tichteby lykwols dúdlik fan 'e beide oare soarten troch de himelsblauwe ring om syn eagen, dêr't er nei neamd is.

Blau-eachkakketoes libje yn relatyf leech lein tropysk reinwâld fan ûnder de 1.000 m boppe seenivo. Dêrby giet it almeast om ûnoantaast oerwâld, mar se komme ek foar yn sekundêr wâld en oerwâld dêr selektyf yn kappe is, lykas de lânseigen befolking fan Nij-Brittanje docht. Se mije lykwols gebieten mei grutskalige, bedriuwsmjittige houtkap.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blau-eachkakketoe is in sosjale fûgel dy't yn pearkes of yn groepen fan oant wol tweintich eksimplaren libbet. It binne heechfleaners, dy't har ferpleatse op in fleanhichte fan sa'n 1.000 m boppe de grûn, sadat se fan 'e grûn ôf net te folgjen binne.

Blau-eachkakketoes nêstelje yn beamholten, mar yn hokker soarte beam, dat makket har it measte net út. Wol kieze se ornaris in tige grutte beam út, en it nêst wurdt oanlein op in gemiddelde hichte fan 41 m boppe de grûn. Oer it fuortplantingsproses fan 'e blau-eachkakketoe is noch in protte ûnbekend. It leit yn 'e reden dat de peartiid, krekt as by nau besibbe soarten, oan it begjin fan 'e reintiid falt, dy't yn westlik Oseaanje oan 'e ein fan 'e maityd en yn 'e simmermoannen plakfynt.

It wyfke leit nei de pearing yn 'e regel 2 aaien. De briedtiid duorret 25–30 dagen, wêrby't de âlden om bar de aaien bebriede. De piken binne nêstbliuwers, dy't alhiel helpleas binne as se út it aai komme en moannenlang troch de âlden fersoarge wurde moatte. Blau-eachkakketoes binne mei 4 jier geslachtsryp en hawwe in libbensferwachting fan 50 jier.

In pear blau-eachkakketoes yn 'e dieretún Loro Parque op Tenerife.

Blau-eachkakketoes hawwe oer it algemien in herbivoar dieet, dat yn haadsaak bestiet út sieden, nuten, beien en oare fruchten fan ferskate planten. It is lykwols bekend dat se soms ek ynsekten en ynsektelarven frette.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e blau-eachkakketoe binne benammentlik ferskate soarten earnen, haukfûgels en ûlen.

De blau-eachkakketoe hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is. It ferspriedingsgebiet hat in oerflak fan 63.700 km². Anno 2012 waard de wrâldpopulaasje blau-eachkakketoes yn it wyld rûsd op 15.000 eksimplaren, wêrûnder 10.000 folwoeksen fûgels dy't by steat wiene om diel te nimmen oan it fuortplantingsproses. Der bestiet lykwols in delgeande trend. De wichtichste bedriging foar dizze fûgel bestiet út 'e ûntbosking fan leechleine gebieten mei as doel om dêr oaljepalmplantaazjes oan te lizzen. Dêrnjonken hat ek it weifangen fan fûgels út it wyld foar de yllegale hannel yn húsdieren in negatyf effekt. De metoaden fan fangen binne boppedat faak noch skansearjend foar de fûgels ek.

Blau-eachkakketoes wurde wol as húsdier holden. Neffens guon leafhawwers is dizze fûgel de freonlikste en leafdefolste fan alle kakketoes. Ynnimlike fermogens fan 'e blau-eachkakketoe binne boartlikens, it neibearen fan 'e eigners, en it lizzen gean op 'e rêch fan 'e eigner. It kinne lykwols folle-easkjende kostgongers wêze, dy't in protte oandacht fergje en dy't boppedat lang libje, dat minsken moatte goed witte wêr't se oan begjinne. Brekme oan oandacht kin by dizze sosjale fûgels liede ta selsskeining yn 'e foarm fan fearútplôkjen.

De blau-eachkakketoe is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Weblinks, op dizze side,