Blasius Merrem
| Blasius Merrem | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 4 febrewaris 1761 | |
| berteplak | Bremen | |
| stoarn | 23 febrewaris 1824 (63 jier) | |
| stjerplak | Marburg | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | wiskundige, natuerûndersiker, heechlearaar | |
Blasius Merrem (Bremen, 4 febrewaris 1761 - Marburg, 23 febrewaris 1824) wie in Dútske natuerûndersiker, soölooch, ornitolooch, wiskundige en herpetolooch. Yn 1804 waard er heechlearaar politike ekonomy en plantkunde oan de Universiteit fan Marburg. [1]
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Merrem waard berne yn Bremen as soan fan in keapman en studearre Latyn, Gryksk en Arabysk. Hy studearre oan de Universiteit fan Göttingen by de anatoom en antropolooch Johann Friedrich Blumenbach. Hy krige dêr niget oan de soölogy en benammen foar de ornitology.
Ornitology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard benammen bekend as de earste ornitolooch dy't in yndieling fan fûgels foarstelde yn Ratitae (rinfûgels, mei in flakke boarstbonke) en Carinatae (fleanende fûgels, mei in boarstbonke mei in kaam); dy yndieling makke diel út fan syn klassifikaasje fan fûgels yn Tentamen Systematis Naturalis Avium, publisearre yn Berlyn yn 1816 (yn Abhandlungen Akad. Wiss. Berlin 1812–1813: Phys. Kl.).
Herpetology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likegoed wied er yn syn opus út 1820, Versuch eines Systems der Amphibien, de earste wittenskipper dy't amfibyen sekuer fan reptilen skiede koe, krokodillen fan hagedissen skiede koe, en hagedissen en slangen yn ien oarder ûnderbringe koe. [2]
Merrem wurdt eare yn 'e wittenskiplike nammen fan twa Súd-Amerikaanske slangen: de ûndersoarte Erythrolamprus miliaris merremi, en de soarte Xenodon merremii. [2]
Beynfloede troch Blumenbach en Peter Simon Pallas besocht er de tsjinstelde oanpakken fan Linnaeus en Buffon mei-inoar te fermoedsoenjen. Merrem paste it binominale systeem fan Linnaeus ta, mar folge de morfologyske oanpak fan Buffon, ynstee fan him te beheinen ta ien inkeld anatomysk skaaimerk.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De animalibus Scythicis apud Plinium (1781).
- Vermischte Abhandlungen aus der Thiergeschichte (1781).
- Beyträge zur besondern Geschichte der Vögel gesammelt (1784-1786).
- Avium rariorum et minus cognitarum icones et descriptiones (1786).
- Beitraege zur Naturgeschichte (1790-1821).
- Reise nach Paris im August und September, 1798 (1800).
- Index plantarum horti academici Marburgensis (1807).
- Handbuch der Pflanzenkunde nach dem Linneischen System (1809).
- Versuch eines Systems der Amphibien: Tentamen Systematis Amphibiorum (1820). (yn't Dútsk en Latyn).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
