Springe nei ynhâld

Blaffen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Blaffe)
In blaffende hûn.
It lûd fan blaffen.

Blaffen of byljen is in fokalisaasje dy't almeast assosjearre wurdt mei de hûn (Canis lupus familiaris). Nettsjinsteande dat meitsje ek oare hûneftigen (soms) dit lûd, lykas de wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes) en ferskate oare soarten foksen en jakhalzen. Blaffen is in koart en fûleindich lûd, dat oan 'e ein abrupt ôfbiten wurdt. Hûnen uterje it faak in protte kearen fluch efterinoar, hoewol't dit lûd by oare hûneftigen yn 'e regel isolearre foarkomt en mar ien kear útbrocht wurdt. By hûnen klinkt blaffen as waf-waf-waf, of by gruttere hûnen, dy't in stim mei in legere toan hawwe, as woef-woef-woef. Jonghûntsjes en folwoeksen eksimplaren fan lytsere rassen hawwe dan wer in stim mei in hegere toan. Harren manear fan blaffen wurdt keffen neamd, en hûntsjes fan lytsere rassen steane dêrom ek wol bekend as 'kefferkes'.

Hoewol't hûnen eins domestisearre wolven binne, ferskilt it blaffen fan hûnen sterk fan dat fan wolven. Blaffen foarmet by wolven mar 2,4% fan alle fokalisaasjes. It wurdt brûkt foar it ôfjaan fan warskôgings, by ferdigening en om protest tsjin in sitewaasje oer te bringen. By hûnen foarmet blaffen lykwols it meastepart fan 'e fokalisaasjes. Hûnen blaffe yn alderhanne sitewaasjes. De oarsaak fan dat ferskil kin it oanhâlden fan it hâlden en dragen fan jongen (dy't ek by wolven mear blaffe) yn folwoeksen bisten wêze, mooglik yn reäksje op 'e omgong mei mear op auditive waarnimming rjochte minsken, dy't lichemstaal minder goed begripe.

Hûnen dy't tefolle blaffe, kinne troch de eigner, mar fral ek troch de buorlju fan 'e eigner, as ekstreem yrritant ûnderfûn wurde. Eksessyf geblaf suggerearret in ûnderlizzend probleem. Sa kin it gean om in hûn dy't te min lichemsbeweging kriget en dêrtroch tefolle enerzjy hat, of om in hûn dy't geastlik net genôch stimulearre wurdt, troch bgl. boartsjen. Oare redens kinne wêze: pine, eangst, ferfeling, frustraasje, skiedingseangst of eksessyf territoriaal hâlden en dragen (d.w.s. it oanhâldende fielen fan oanstriid ta it warskôgjen fan potinsjele ynkringers). Oplossings kinne wêze: it identifisearjen en sa mooglik weinimmen fan 'e oarsaak fan it blaffen, it brûken fan positive trainingsmetoaden om it probleemgedrach te korrizjearjen, of it freegjen fan advys en help oan ekspêrs, lykas in kynologyske feriening, in profesjonele hûnetrainer of in bistedokter.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.