Springe nei ynhâld

Blackwall (Londen)

Ut Wikipedy
St Lawrence Cottages Blackwall

Blackwall is in wyk yn it Londenske distrikt Tower Hamlets, benoarden de Teems, yn de regio Grut-Londen.

De omkriten fan Blackwall Stairs waarden al yn de 14e iuw Blackwall neamd.[1] Faaks komt de namme fan de beskoeiïng fan de rivier út de Midsiuwen. De krite lei in lus fan de rivier njonken Poplar's East Marsh, dêr't de East India Docks begjin 19e iuw boud waarden.

Blackwall is hjoed de dei faaks it meast ferneamd fan de Blackwall Tunnel, dy't súdlik fan de wyk ûnder de Teems troch nei noard- Greenwich rint.

It hûs fan Sir Walter Raleigh kaam derôf ûnder de oanlis fan de Blackwall Tunnel.[2]

Blackwall hat iuwenlang in wichtige haven west, waans namme ferbûn wie mei seereizen en ekspedysjes fan grut belang. Sa sette Martin Frobisher dêr 7 juny 1576 ôf op in ekspedysje dy't de Noardwest Passaazje fine moast; finansjiere troch de Moskovyske Hannelskompanjy.[3] Walter Raleigh hie in hûs yn Blackwall en yn de iere 17e iuw wie de haven it plak dêr't kolonisten fan Noard-Amearika en West-Ynje fanwege de Londenske Kompanjy wei ferfearen.

Blackwell wie ek it wenplak fan Horatio Nelson.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Old Blackwall, Survey of London: diel 43 en 44: Poplar, Blackwall and Isle of Dogs (1994), sd. 548-552 rieplachte: 05 Novimber 2007
  2. Foto c. 1890, yn it National Maritime Museum
  3. The Nunavut Voyages of Martin Frobisher op de webside fan it Canadian Museum of Civilization, sjoen 5 augustus 2011