Black Jack (hynder)
Black Jack | ||
Black Jack yn 'e lykprekaasje fan John F. Kennedy. | ||
bysûnderheden | ||
soarte bist | hynder (Morgan-quarter horse) | |
berne | 19 jannewaris 1947 | |
berteplak | Fort Reno (Oklahoma) Feriene Steaten | |
deagien | 6 febrewaris 1976 | |
stjerplak | Fort Myer (Firginia) Feriene Steaten | |
aktyf as | striidhynder (seremonieel) | |
reden bekendheid |
naam diel oan 'e lykprekaasjes fan ferskate presidinten |
Black Jack (Fort Reno (Oklahoma), 19 jannewaris 1947 – Fort Myer (Firginia), 6 febrewaris 1976) wie in hynder yn it besit fan it Amerikaanske Leger, dat yn 'e Feriene Steaten lanlike bekendheid krige troch syn dielname oan 'e lykprekaasjes fan ferskate Amerikaanske presidinten.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Black Jack kaam op 19 jannewaris 1947 te wrâld yn 'e kavalerystâlen fan Fort Reno, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Hy wie in swarte krusing tusken in Morgan en in quarter horse. Hy waard ferneamd nei generaal John J. "Black Jack" Pershing, dy't de Amerikaanske troepen oan it Westfront oanfierde ûnder de Earste Wrâldoarloch. Black Jack wie de lêste fan 'e Amerikaanske kavaleryhynders dy't brânmurken waard mei it brânmerk fan it Amerikaanske Leger op it lofterskouder en syn legersearjenûmer (2V56) op 'e lofterside fan syn hals.
Op 22 novimber 1952 waard Black Jack oerbrocht nei Fort Myer, yn Firginia, dat de rest fan syn libben syn thús wêze soe. Hy tsjinne dêr yn it affuitpeloton fan it Amerikaanske 3e Ynfanteryrezjimint, byneamd de Alde Garde (the Old Guard). As ruterleas hynder naam Black Jack diel oan mear as tûzen seremoniële begraffenissen, wêrfan de measten op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.
By ferskate gelegenheden waard er as ruterleas hynder foarsjoen fan lege learzens, dy't mei de teannen nei efteren wizend yn 'e stiichbûgels pleatst waarden (it symboal foar in fallen lieder). Sa naam er diel oan fjouwer steatsbegraffenissen, nammentlik dy fan generaal Douglas MacArthur, yn 1964, en dy fan 'e presidinten John F. Kennedy yn 1963, Herbert Hoover yn 1964 en Lyndon B. Johnson yn 1973.
Op 6 febrewaris 1976 gie Black Jack dea nei in glânsrike militêre karriêre. Hy waard kremearre en syn jiske krige in lêste rêstplak yn Summerall Field, by Fort Myer, op 60 m noardeastlik fan 'e flaggemêst yn 'e súdeastlike hoeke fan it paradefjild. Black Jack wie ien fan mar twa hynders út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dy't in militêre útfeart mei folsleine militêre eare krigen (it oare hynder wie Comanche, de iennichste oerlibbene fan Custers detasjemint yn 'e Slach oan de Little Bighorn).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |