Swarte Gat fan Kalkutta

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Black Hole of Calcutta)
It Swarte Gat fan Kalkutta. (Yllustraasje út Hutchinson's Story of the Nations.)

It Swarte Gat fan Kalkutta wie in lytse tsjerker yn it Britske Fort William, yn Kalkutta, dêr't yn 1756 in fierstente grutte koft Britske kriichsfinzenen in nacht lang opsletten waard troch de troepen fan 'e nawab fan Bingalen. It gefolch wie de dea fan it grutste part fan fan 'e finzenen troch ferstikking en hjittensútputting. Dizze oarlochsmisdie makke in grutte en bliuwende yndruk op it Britske folk. It Swarte Gat fan Kalkutta wurdt sadwaande gauris neamd yn 'e Ingelsktalige literatuer en is sprekwurdlik wurden foar in helsk tichthûs.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fort William waard mids achttjinde iuw boud, yn wat letter Britsk-Ynje wurde soe, om 'e belangen fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy te beskermjen yn 'e stêd Kalkutta. De fêsting wie benammen bedoeld om oanfallen troch de konkurrearjende Frânske Eastyndyske Kompanjy ôf te slaan. De Frânsen fersterken harren faktorij dêrsanne ek. Kalkutta lei doedestiden yn 'e Steat Bingalen, dy't regearre waard troch de nawab fan Bingalen. (De nawabs wiene yn namme steedhâlders foar de Mogol-keizer yn Delhi, mar eins wiene it sûnt 1717 selsstannige monargen.) Siraj ud-Daulah, dy't begjin 1756 de sechsde (en lêste) selsstannige nawab fan Bingalen waard, oardere dat de útlanners ophâlde moasten mei forten te bouwen op syn gerjochtichheid. Dêrop leine de Frânsen it wurk stil, mar de Britten loeken har der neat fan oan en bouden wakker troch.

Mei't er it leechlizzen fan syn gesach troch de Britten net oer syn kant gean litte koe, brocht Siraj ud-Daulah in legermacht gear en sette er útein mei in belis fan Fort William. De Britske Eastyndyske Kompanjy, dy't wol foar it ferstân hie dat de fêsting it net hâlde kinne soe tsjin 'e oermacht fan it leger fan 'e nawab, oardere de soldaten fan it Britske garnizoen om te ûntsnappen. In efterhoede, besteande út 146 soldaten ûnder lieding fan John Zephaniah Holwell, in heechpleatste funksjonaris binnen de Kompanjy, bleau efter. Doe't it desertearjen fan 'e sepoys, de Yndyske soldaten yn Britske tsjinst, makke dat der gjin effektive wjerstân oan 'e belegering bean wurde koe, foel Fort William op 20 juny 1756 yn Bingaalske hannen.

It tinkteken foar de slachtoffers fan it Swarte Gat fan Kalkutta, op it tsjerkhôf fan 'e Jehannestsjerke.

Foarfal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oerlibjende ferdigeners fan Fort William waarden by de ferovering fan 'e fêsting kriichsfinzen nommen. Under harren wiene Britske ofsieren, Yndyske sepoys dy't de Britten trou bleaun wiene, en in ûnbekend tal boargers, almeast keaplju dy't foar in part Britsk en foar in part fan lânseigen komôf wiene, mar ek ferskate froulju. Hja waarden foar Siraj ud-Daulah brocht, dy't harren derfan bewissige dat der harren neat oerkomme soe. De finzenen waarden troch de soldaten fan 'e nawab op 20 juny om acht oere jûns ûntdien fan it meastepart fan harren klean en doe yn it Swarte Gat fan Kalkutta stoppe, in tsjerker fan 4.30 m by 5.50 m (14 × 18 foet). De tsjerker wie in boppegrûnske keamer (dus net in 'gat' yn 'e eigentlike sin), mei in útstykjende weranda fan foarren. Der wiene mar twa finsters, dy't sokke grouwe izerne traaljes hiene dat it de luchtfentilaasje behindere. Neffens Holwell wie de tsjerker mar bedoeld foar twa of heechút trije finzenen tagelyk.

Dêr moasten de kriichsfinzenen de nacht trochbringe oant de tsjerkerdoar de oare moarns om seis oere wer iepen gie. Der waarden safolle lju yn 'e tsjerker troppe, dat tsjin dy tiid it meastepart fan harren ferstoarn wie troch ferstikking en hjittensútputting. Neffens it ferslach dat Holwell neitiid oer it foarfal skreau, en dat yn Grut-Brittanje tige ferneamd waard, wiene der 146 finzenen yn it Swarte Gat stoppe, fan wa't 123 der net wer libben út kamen. Moderne histoarisy dy't nei it foarfal ûndersyk dien hawwe, hâlde it derop dat der 64 kriichsfinzenen yn it Swarte Gat stoppe waarden, fan wa't 43 dêr ferstoaren.

Neffens it ferhaal fan Holwell hiene de finzenen kontakt mei de Bingaalske soldaten dy't op 'e weranda stasjonearre wiene. Se beane har tûzen rûpys as se harren earne oars opslute woene. Ien fan 'e soldaten gie nei syn ofsier, mar kaam werom mei it boadskip dat it net mooglik wie. Dêrop waard de beleanning ferdûbele. De soldaat gie wer fuort, mar kaam werom mei itselde boadskip: de nawab sliepte al en nimmen dy't him wekker doarst te meitsjen. Tsjin njoggen oere jûns wiene de earste finzenen stoarn en in protte oaren koartsich wurden. Der waard om wetter smeekt en ien fan 'e bewekkers brocht in krûkfol, dy't by it finster yn 'e huodden fan Holwell en twa of trije oaren oergetten en sa yn 'e tsjerker omparte waard. Tsjin alve oere jûns begûnen de finzenen as miggen te stjerren.

De oare moarns, doe't de oerlibbenen derút litten waarden, sieten dyselden der raar ta, mar troch frisse lucht betteren se rillegau wer aardich op. Holwell hie de nacht oerlibbe om't er deun by in finster stien hie. Hy waard by de nawab brocht, fan wa't er gjin ûntskuldigings of begrutsjen krige, inkeld in stoel en in glês wetter. Nettsjinsteande dat wiet hy wat winliken in massamoard wie, net oan 'e nawab sels, mar oan 'e kweawil fan guon fan syn hege ofsieren, dy't mei opsetsin de eangst om 'e nawab wekker te meitsjen brûkt hawwe soene om wraak op 'e Britten te nimmen. Siraj ud-Daulah liet Holwell en twa oare heechpleatste Britten oerbinge nei Murshidabad, mar de rest fan 'e oerlibjende finzenen liet er frij. De deaden waarden begroeven yn in massagrêf.

It tinkteken foar de slachtoffers fan it Swarte Gat fan Kalkutta op syn oarspronklike plak op Dalhousie Square (no B.B.D. Bagh) yn 'e binnenstêd fan Kalkutta.

Gefolgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't it nijs fan 'it Swarte Gat fan Kalkutta' yn augustus 1756 it haadkertier fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy yn Madras berikte, waard luitenant-kolonel Robert Clive mei in leger nei Bingalen stjoerd om wraak te nimmen op Siraj ad-Daulah. Clive ferovere Kalkutta yn jannewaris 1757 en fersloech de nawab yn 'e Slach by Plassey. Siraj ad-Daulah foel neitiid yn ûngenede en waard by in steatsgreep ôfset troch syn politike tsjinstanners, dy't him op 2 july 1757 eksekutearje lieten.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Swarte Gat fan Kalkutta waard troch de Britten neitiid brûkt as in pakhûs, en it waard sloopt doe't Fort William ôfbrutsen waard om folslein werboud te wurden. Yn 1901 waard yn it sintrum fan Kalkutta in tinkteken oprjochte foar de manlju dy't yn it Swarte Gat omkommen wiene, mar op it hichtepunt fan 'e Yndiaaske ûnôfhinklikensbeweging, yn 'e 1920-er en 1930-er jierren, kearde de befolking him tsjin 'e oanwêzigens fan sa'n kolonialistysk monumint, en yn july 1940 waard it ferpleatst nei it tsjerkhôf fan 'e Jehannestsjerke, dêr't it noch altyd stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.