Springe nei ynhâld

Black Adam (film)

Ut Wikipedy
Black Adam
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJaume Collet-Serra
produsintBeau Flynn
Hiram Garcia
Dwayne Johnson
Dany Garcia
senarioAdam Sztykiel
Rory Haines
Sohrab Noshirvani
basearre opBlack Adam fan DC Comics
kamerarezjyLawrence Sher
muzykLorne Balfe
filmstudioNew Line Cinema
DC Films
Seven Bucks Productions
FlynnPictureCo
distribúsjeWarner Bros.
spilers
haadrollenDwayne Johnson
Sarah Shahi
Bodhi Sanbongui
Pierce Brosnan
Aldis Hodge
byrollenMarwan Kenzari
Mohammed Amer
Quintessa Swindell
Noah Centineo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre3 oktober 2022
foarmlangspylfilm
sjenresuperheldefilm
taalIngelsk
spyltiid125 minuten
budget en resultaten
budget$190–260 miljoen
opbringst$393,3 miljoen
filmsearje
filmsearjeDC Extended Universe
 foarich dielThe Suicide Squad
 folgjend dielShazam! Fury of the Gods

Black Adam is in Amerikaanske superheldefilm út 2023 ûnder rezjy fan Jaume Collet-Serra, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson, Sarah Shahi, Bodhi Sanbongui, Pierce Brosnan en Aldis Hodge. De titel betsjut "Swarte Adam", en ferwiist nei in superheld út 'e strips fan 'e útjouwerij DC Comics. De film makket diel út fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. As sadanich folget er op The Suicide Squad út 2022 en giet er foarôf oan Shazam! Fury of the Gods út 2023. Yn Black Adam befrije argeologen Teth-Adam, in superheld út 'e Aldheid, om it lân Kahndaq te rêden fan it misdiesyndikaat Intergang. De Amerikaanske oerheid sjocht dy ûntwikkeling lykwols as in bedriging en stjoert in eigen team fan superhelden om Teth-Adam út te skeakeljen. Black Adam krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

Yn 2600 f.Kr. makket de tirannike kening Ahk-Ton fan Kahndaq syn eigen folk ta slaaf om yn syn minen te wurkjen dêr't nei it legindaryske metaal eternium dold wurdt. Dat guod moat er hawwe om 'e Kroan fan Sabacc te smeien, dy't de drager (d.w.s. Ahk-Ton) ûnstjerlik en ûnoerwinber meitsje sil. De Ried fan Tsjoenders komt tsjin Ahk-Ton fanwegen en kiest in jonge slaaf út as foarfjochter, dy't bejeftige wurdt mei boppenatuerlike krêften. Troch it wurd "Shazam!" te sizzen kin er himsels feroarje yn 'e folwoeksen superheld Teth-Adam. Hy kringt it paleis fan Ahk-Ton binnen en deadet de kening ear't dy himsels de foltôge Kroan fan Sabacc op 'e holle sette kin.

Yn 'e hjoeddeistige tiid is Kahndaq in lân dat suchtet ûnder in desennialange militêre besetting troch in ynternasjonale organisaasje fan hierlingen dy't Intergang hjit. It doel fan 'e hierlingen is om 'e Kroan fan Sabacc werom te finen, dy't nei de fal fan Ahk-Ton ferburgen is. De argeologe Adrianna Tomaz is, yn 'e mande mei har broer Karim en har kollega's Samir en Ishmael, ek op it spoar fan dat artefakt, dat se tsjin eltse priis út 'e hannen fan Intergang hâlde wol. Adrianna-en-dy binne dejingen dy't it earst ûntdekke dat de Kroan ferburgen is yn 'e tombe fan Teth-Adam. As se it ding dêr besykje te stellen, docht bliken dat der ferrie yn it spul is. Troepen fan Intergang hâlde harren yn 'e gaten en brûke Adrianna-en-dy om harren nei de Kroan fan Sabacc ta te lieden. Samir wurdt troch Intergang deade, en Ishmael wurdt finzen nommen. Yn uterste need lêst Adrianna in yn spikerskrift oanbrochte ynskripsje op 'e grêftombe fan Teth-Adam op, dy't de âlde superheld út syn milennia duorjende sliep opwekket. Teth-Adam makket koarte metten mei de troepen fan Intergang en rêdt it libben fan Adrianna as sy ûnder de brokstikken fan 'e ynstoartende tombe ferplettere driget te wurden. Adrianna en Karim ûntkomme yn 'e opskuor mei de Kroan fan Sabacc. Teth-Adam wurdt yn it gefjocht ferwûne troch in lid fan Intergang dat bewapene is mei in wapen makke fan eternium, en hy rekket bewusteleas. Adrianna en Karim nimme him mei nei hûs.

De Amerikaanske oerheid sjocht alle superhelden as bedriging, of it moat wêze dat se eksplisyt foar de Feriene Steaten wurkje. Wannear't de machthawwers yn Washington, D.C. fernimme dat Teth-Adam wekker is, kriget Amanda Waller, de direktrise fan in skimige feilichheidstsjinst op it mêd fan superhelden, daliks opdracht om Teth-Adam ûnder Amerikaanske kontrôle te bringen. Sy stjoert in team fan superhelden yn Amerikaanske tsjinst, dy't diel útmeitsje fan 'e Justice Society, nei Kahndaq ta om dat klear te krijen. It team wurdt oanfierd troch Carter Hall alias Hawkman en bestiet fierders út Kent Nelson alias Doctor Fate, Maxine Hunkel alias Cyclone en Al Rothstein alias Atom Smasher.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Kahndaq wurdt Teth-Adam wekker op it bêd fan Adrianna, wêrnei't er himsels genêst. Hy wurdt hjitfolge troch Adrianna har pubersoan Amon, waans heit inkele jierren earder troch Intergang fermoarde is. Amon is derfan oertsjûge dat Teth-Adam Kahndaq fan 'e besetting troch de hierlingen rêde sil, mar yn 'e eagen fan Teth-Adam is Kahndaq yn 4.600 jier ûnwerkenber feroare en hy fielt gjin inkele bân mei it plak. It iennichste wat him oan 'e moderne stêd liket te ynteressearjen, is it hûnderten meters hege stânbyld fan himsels dat boppe de stêd úttuorret. Wannear't Intergang Amon tenei komt, helpt er de jonge lykwols. Hy docht dat troch alle leden fan Intergang dea te dwaan dy't er te pakken krije kin. Wannear't op dat stuit it team fan 'e Justice Society arrivearret, ûntjout der him in gefjocht tusken Teth-Adam en de Amerikaanske superhelden dat ûnbeslist einiget.

Hall en Nelson besykje Adrianna oan it ferstân te krijen dat Teth-Adam gjin rêder yn need wie, mar in lossleine moardner. It plak dêr't sy him út befrijd hat, wie gjin grêftombe, mar in finzenis. Adrianna, dy't it noch net fergetten is dat Teth-Adam har fan in wisse dea rêden hat sûnder dat der foar him lykfol hokker needsaak wie om dat te dwaan, wegeret harren te leauwen. Underwilens is Intergang noch altyd op 'e sneup nei de Kroan fan Sabacc. It komt oan it ljocht dat Ishmael, waans finzenskip no mar sabeare blykt te wêzen, eins de lieder fan Intergang is, dy't Samir mei eigen hannen deamakke hat. Hy kringt it appartemint fan Adrianna en Karim binnen, dêr't er Karim ferwûnet en Amon ûntfiert. De jonge hat lykwols de Kroan fan Sabacc ferstoppe yn syn keamer, dêr't Karim it ding oer de holle sjocht. Teth-Adam en de Amerikaanske superhelden efterfolgje de ûntfierders, mar Ishmael wit mei Amon te ûntkommen nei it haadkertier fan Intergang by de eterniummyn.

Adrianna wit, yn har wanhoop as de mem fan in gizele soan, de meiwurking fan sawol Teth-Adam as Hall-en-dy te krijen. Mei-inoar falle de superhelden de eterniummyn oan. Wannear't Ishmael driget om Amon dea te meitsjen, ruilet Adrianna tsjin 'e útdruklike winsk fan Hall de Kroan fan Sabacc foar it libben fan har soan. Ishmael, dy't seit de lêste ôfstammeling fan kening Ahk-Ton te wêzen, set de kroan op, docht it enerzjyskyld út dêr't er him efter skûlhold, en wol dan dochs noch Amon fermoardzje. Teth-Adam ferliest dêrop de behearsking oer syn superkrêften. By in ûnbidige eksploazje komt Ishmael om en rekket Amon ferwûne. Adrianna oerlibbet it inkeld trochdat se troch Hall beskerme wurdt.

Tramtearre troch skuldgefoelens ûntflechtet Teth-Adam it toaniel. Wannear't Hall him weromfynt, bychtet Teth-Adam oan him op dat de wiere superheld fan 4.600 jier lyn eins net hy, mar syn soan Hurut wie. It stânbyld yn Kahndaq is dus ek net fan himsels, mar fan syn soan. Doe't de opstân fan Hurut súkses hie, stjoerde Ahk-Ton syn trewanten om 'e famylje fan 'e ûnoerwinlike superheld te deadzjen. Shiruta, de frou fan Teth-Adam, waard foar syn eigen fermoarde. Hysels waard ek delhoud en foar dea efterlitten. Doe't Hurut thúskaam, trof er syn mem dea oan, mar syn heit libbe noch, al leid er op stjerren. Dêrop droech er syn superkrêften oan syn heit oer om dy syn libben te rêden. Sadree't Hurut syn superkrêften ôfstien hie en wer in gewoane jonge wurden wie, waard er deasketten troch de op 'e loer lizzende bôgesjitters fan Ahk-Ton. Ferbline troch razernij en wraaksucht krong de nije superheld Teth-Adam neitiid it paleis fan Ahk-Ton binnen, dêr't er de kening en syn hiele hof fermoarde en it paleis mei de grûn lyk makke. De Ried fan Tsjoenders beskôge Teth-Adam doe as ûnwurdich om harren foarfjochter te wêzen en kearden har tsjin him. Yn it gefjocht deade Teth-Adam alle tsjoenders útsein de lêste (Shazam), dy't him en de Kroan fan Sabacc fêstsette yn wat Adrianna 4.600 jier letter foar syn grêftombe oanseach.

No't er op 'e nij syn selsbehearsking ferlern hat, komt Teth-Adam ta de konklúzje dat de tsjoenders gelyk hiene en dat hy net geskikt is om superheld te wêzen. Hy lit him frijwillich troch Hall en de oare Amerikaanske superhelden nei in geheime Amerikaanske black site op 'e boaiem fan 'e poalsee ta bringe, dêr't er syn superkrêften opjout en foar de ivichheid yn stasis pleatst wurdt om foar te kommen dat er yn 'e ferlieding komme kinne sil om se wer werom te nimmen.

Underwilens komt it ferkoalle lyk fan Ishmael, dat kroane is mei de Kroan fan Sabacc, wer ta libben troch tadwaan fan 'e demoanen dêr't de kroan troch beset is. Adrianna en Hall komme ta it besef dat Ishmael Teth-Adam deryn luze hat om himsels te fermoardzjen, om't "de dea it iennichste paad nei it libben is," sa't in earder foar riedselich holden ynskripsje op 'e kroan hawwe wol. Troch syn dea hat Ishmael kontakt lizze kinnen mei de demoanen, dy't him as de mei superkrêften bejeftige supersmjunt Sabacc nei de wrâld fan 'e libbenen weromstjoere.

De superhelden fan 'e Justice Society besykje Sabacc tsjin te kearen en krije in wan bruien. Kent, dy't yn syn alias fan Dr. Fate heldersjend is, wit dat in oerwinning fan Sabacc de ein fan 'e wrâld betsjutte soe. Hy wit ek dat hy en syn maten Sabacc inkeld ferslaan kinne as Hall dêrby stjert. Om't er syn freon net ferlieze wol, kiest Kent foar de trêde mooglikheid. Hy slút Hall en de oaren bûten út 'e ruïne fan it paleis fan Ahk-Ton, wylst er sels nei binnen giet om Sabacc mei astrale projeksje te befjochtsjen. Underwilens bringt er mei syn krêften Teth-Adam by besleur út syn stasis en sprekt him troch telepaty ta. Hy leit út dat hy en syn maten mis wiene oer Teth-Adam en dat de beproeving wêrfoar't Hurut mei superkrêften bejeftige wie, no pas oanbrutsen is. Hy fiteret Teth-Adam oan om werom te kearen nei Kahndaq. Teth-Adam brekt dêrop út 'e black site en swimt as in soartemint himelfeart út 'e tsjustere djipte wei nei it ljochte oerflak fan 'e see, dêr't er mei it wurd "Shazam!" syn superkrêften wer oannimt.

Yn Kahndaq wurdt Kent ferslein en deade troch Sabacc. It enerzjyfjild dat de oare leden fan 'e Justice Society út it paleis hold, wurdt dan wei. Hall, Hunkel en Rothstein kringe it paleis einlings yn om te besykjen en kom foar dat Sabacc plaknimme kin op it restant fan 'e troan fan Ahk-Ton. Dat slagget harren lykwols net, en sadree't Sabacc op 'e troan sit, wurde syn krêften fergrutte en iepenet der him in poarte nei de hel dêr't de sielen fan 'e ferflokten troch weromkeare yn 'e foarm fan skrinkelman-eftige sombys. Teth-Adam arrivearret ear't de oerwinning fan Sabacc folslein is. Hy en Hall meitsje miene saak tsjin 'e supersmjunt, wylst de befolking fan Kahndaq, ûnder oanfiering fan Adrianna, Karim en Amon, en holpen troch Hunkel en Rothstein, it somby-leger befjochtet. Mei help fan Hall wit Teth-Adam Sabacc te ferslaan en midstwa te skuorren. Dêrop ferwaaie de sombys ta jiske en slút de poarte nei de hel himsels wer.

Neitiid beslút Hall om Teth-Adam yn Kahndaq efter te litten op 'e noed fan Adrianna. Nei't de Justice Society ôfset is, biede Adrianna en Karim oan Teth-Adam de troan fan Akh-Ton oan. Teth-Adam nimt dêr plak, mar seit dat it ferkeard oanfielt. Ynstee ferneatiget er de troan en dielt er Adrianna, Karim en Amon mei dat Kahndaq gjin ferlet hat fan in hearsker, mar fan in beskermer. Op basis fan wat dat Amon earder tsjin him sein hat, beslút er in nije namme oan te nimmen: Swarte Adam.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, nimt Amanda Waller fia in drone mei in fideokonneksje kontakt op mei Swarte Adam. Hja warskôget him dat, om't er net yn har finzenis bliuwe woe, Kahndaq no syn finzenis wêze sil. Swarte Adam ynformearret dernei hoe't sy dat gebod tinkt ôf te twingen. Dêrop stjoert Waller Superman om fierder mei Swarte Adam te ûnderhanneljen.

Dwayne Johnson.
Sarah Shahi.
Pierce Brosnan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise          
Teth-Adam / Black Adam Dwayne Johnson
Adrianna Tomaz Sarah Shahi
Amon Tomaz Bodhi Sanbongui
Kent Nelson / Doctor Fate Pierce Brosnan
Carter Hall / Hawkman Aldis Hodge


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ishmael Gregor / Sabacc Marwan Kenzari
Karim Mohammed Amer
Maxine Hunkel / Cyclone Quintessa Swindell
Al Rothstein / Atom Smasher Noah Centineo
Hurut Jalon Christian
Samir James Cusati-Moyer
kening Ahk-Ton fan Kahndaq Marwan Kenzari
hierling by kontrôlepost Boone Platt
Amanda Waller Viola Davis
Shiruta Odelya Halevi
superheldefoarm fan Hurut Uli Latukefu
Al Pratt Henry Winkler (cameo)
de tsjoender Shazam Djimon Hounsou (cameo)
Emilia Harcourt Jennifer Holland (cameo)
Clark Kent / Superman Henry Cavill (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e iere 2000-er jierren sette filmstudio New Line Cinema útein mei de tarieding foar in film oer de superheld Captain Marvel út 'e strips fan útjouwerij DC Comics. Dy moast Shazam komme te hjitten, nei de tsjoender Shazam, dy't de superheld mei syn superkrêften bejeftiget. (De titel Captain Marvel koe net brûkt wurde om't konkurrint Marvel Comics ek in superheld hat mei dy namme.) Yn april 2006 namen de plannen fêstere foarm oan doe't Peter Segal oanlutsen waard as regisseur. Letter dat jier waard akteur Dwayne Johnson frege om Captain Marvel te spyljen, mar yn novimber 2007 joech Johnson oan dat er eins mear belangstelling hie foar it spyljen fan 'e antagonist, Black Adam.

Tsjin jannewaris 2009 kaam de preproduksje fan 'e film stil te lizzen, mar yn april 2014 kaam der wer beweging yn doe't Warner Bros., de memme-ûndernimming fan New Line Cinema, úteinsette mei de opbou fan in eigen breed opsette filmsearje oer de superhelden fan DC Comics, it DC Extended Universe. Yn augustus fan dat jier fertelde Johnson dat er noch altyd by de film belutsen wie, mar dat er noch net besletten hie oft er no Captain Marvel of Black Adam spylje woe. In moanne letter waard bekendmakke dat syn kar op Black Adam fallen wie. Johnson, dy't ûnderwilens útgroeid wie ta ien fan 'e grutste filmstjerren fan Hollywood, soe $22,5 miljoen betelle krije foar syn rol.

Dat Johnson Black Adam spylje woe, helle it hiele filmprojekt op 'e kop. Want de studiobazen by DC Films en Warner Bros. fûnen dat it net sa wêze koe dat Johnson, mei syn stjerrestatus, yn in byrol as ûnderstypjend personaazje opfierd waard. Yn jannewaris 2017 waard dêrom besletten om 'e film midstwa te spjalten: der soe in film oer Captain Marvel komme, dêr't Black Adam inkeld sydlings yn neamd waard mar fierders gjin rol yn spile, en dêrnjonken soe der in aparte film komme oer Black Adam, dêr't Captain Marvel net yn foarkaam, sadat Johnson de ûnbekreaude haadrol spylje koe. De earste film waard Shazam!, dy't yn 2019 yn 'e bioskopen kaam. De twadde film krige de titel Black Adam taparte.

Regisseur Jaume Collet-Serra.

Black Adam waard regissearre troch Jaume Collet-Serra nei in senario fan Adam Sztykiel, Rory Haines en Sohrab Noshirvani. As produsinten wiene haadrolspiler Dwayne Johnson, Beau Flynn, Hiram Garcia en Johnson syn frou Dany Garcia by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema, DC Films, FlynnPictureCo en Johnson syn eigen produksjemaatskippij Seven Bucks Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $190–260 miljoen, ôfhinklik fan hokker boarne jin leauwe wolle. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lawrence Sher, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lorne Balfe.

De opnamen foar Black Adam setten op 10 april 2021 útein en duorren oant en mei 15 augustus fan dat jier. Oarspronklik wie it de bedoeling dat de opnamen al yn july 2020 begjinne soene, mar it spul rûn oansjenlike fertraging op troch de koroanapandemy. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e Trilith Studios yn Fayetteville, in foarstêd fan Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Bykommende sênes waarden filme yn Los Angeles.

Yn 'e Trilith Studios by Atlanta waard Black Adam foar it grutste part filme.

De distribúsje fan Black Adam waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 3 oktober 2022 yn Meksiko-Stêd yn premiêre. Dêrnei wiene der tusken 12 en 20 oktober nasjonale en regionale premiêres yn New York, Toronto, Londen, Atlanta, Miami, Madrid en Los Angeles, wêrnei't de film op 21 oktober iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij WaterTower Music. Black Adam kaam op 22 novimber 2022 beskikber foar streaming-on-demand, fan 16 desimber ôf ek fia de streamingtsjinst HBO Max, en waard op 3 jannewaris 2023 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Black Adam oer it algemien negative resinsjes. Sa fûn J. Kim Murphy fan it tydskrift Variety de film "werheljend en ûnfermaaklik". Maya Phillips fan The New York Times neamde Black Adam "in saaie, lusteleaze superheldefilm dy't alle klisjees fan it sjenre befettet wylst it in baanbrekkend nij antyheldferhaal hjit te wêzen." Neffens Alonso Duralde fan TheWrap wie de film in "betize, te fol troppe oarsprongsferhaal".

Yn it Britske tydskrift Empire skreau Helen O'Hara dat Black Adam "soms in soadsje" wie, "mar oer it algemien wol in ûnderhâldend soadsje". Sy parte de film 3 fan 5 stjerren ta. Todd McCarthy fan 'e webside Deadline Hollywood joech Black Adam in folle positivere resinsje. Sa priizge er it aktearjen fan Dwayne Johnson en de neffens him "oerweldigjende" special effects. Hy skreau: "It fisuele spektakel komt twa oeren lang sûnder ophâlden op jin ôf." Yn 'e Los Angeles Times wie Katie Walsh wat minder myld, mar hja fûn dat regisseur Jaume Collet-Serra "heldhaftich wurk" ferrjochte hie om "in film om Johnson hinne te meitsjen, dy't in heech tempo hat en fermaaklik is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Black Adam in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 39%, basearre op 307 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] soe samar de paadwizer wêze kinne nei in spannende takomst foar films op basis fan 'e strips fan DC Comics, mar op himsels steand is it in alderhobbelichste teloarstelling." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Black Adam in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 52 resinsjes. Bioskoopbesikers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfining befrege waarden troch CinemaScore, joegen Black Adam lykwols in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10.

Black Adam brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $168,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $225,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $393,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $190–260 miljoen betsjut dat in winst fan $133,3–203,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens it tydskrift Variety moast Black Adam $600 miljoen fertsjinje om lyk te spyljen, mar filmstudio Warner Bros. makke bekend dat de oarspronklike rûsde totale kosten fan 'e film $450 miljoen west hiene, dêr't noch $80–100 miljoen ôfgien wie. Neffens de webside Deadline Hollywood kaam dat trochdat in oansjenlik diel fan de marketing útbestege wie oan 'e sosjale-media-accounts fan Dwayne Johnson. Dat soe dan yn it geunstichste gefal foar Black Adam in winst fan $43,3 miljoen betsjutte. Nettsjinsteande dat waard de film rûnom as in flop beskôge.

Black Adam wûn de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite filmakteur (Dwayne Johnson) en waard nominearre foar de Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite film en de People's Choice Awards foar aksjefilm fan it jier en manlike filmstjer fan it jier (Dwayne Johnson).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) Suicide Squad (2016) Wonder Woman (2017) Justice League (2017) Aquaman (2018) Shazam! (2019) Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) Wonder Woman 1984 (2020) Zack Snyder's Justice League (2021) The Suicide Squad (2021) Black Adam (2022) Shazam! Fury of the Gods (2023) The Flash (2023) Blue Beetle (2023) Aquaman and the Lost Kingdom (2023)