Harm Engbert Blaauw

Harm Engbert Blaauw (Amsterdam, 15 septimber 1918 - Dokkum, 22 jannewaris 1945) wie in Nederlânske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Blaauw wie opsichter yn de stêd Grins, dêr't er wenne oan de Hamburgerstrjitte. Yn de oarloch rekke er belutsen by it ferset. [1] Hy wie lid fan de fersetsgroep Packard. Dizze groep rjochte him benammen op de behanneling fan ferwûne alliearde soldaten en stie dêrfoar yn ferbining mei it Akademysk Sikehûs. Blaauw joech ûnder mear ûnderdak oan in parasjutist dy't út it Scholtenhûs ûntsnapt wie. Doe't de groep ferret waard, waard Blaauw oppakt en sels oerbrocht nei it Scholtenhûs oan de Grote Markt. Hy kaam dêrnei yn de finzenis oan de Herewei telâne.
Op 19 jannewaris 1945 waard yn De Falom in Dútske kommandant deasketten troch it ferset. As ferjildingsmaatregel waarden op 22 jannewaris 1945 tweintich finzenen út Fryslân en Grinslân nei de Wâldwei yn Dokkum brocht en dêr sûnder iennige foarm fan proses deasketten. Blaauw wie ien fan de finzenen dy't yn dy represaille yn Dokkum omkamen.
Blaauw waard beïerdige op it Noarderbegraafplak yn Grins. Syn grêfmonumint, in pylder mei in ôfseage beam, waard makke troch byldhouwer Willem Valk. Yn de pylder is ûnder oare de tekst Gebroken maar niet ontworteld oanbrocht.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|