Springe nei ynhâld

Dierlike kommunikaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bistekommunikaasje)
Baltsgedrach fan in pear saruskraanfûgels.

Dierlike kommunikaasje of bistekommunikaasje is de útwikseling fan ynformaasje troch ien of mear bisten oan ien of mear bisten. Krekt as by kommunikaasje tusken minsken omfettet dat proses it útstjoeren troch in stjoerder fan in sinjaal nei in ûntfanger, dy't it sinjaal waarnimt mei de sintugen, mei as resultaat dat de ûntfanger (eventueel) syn hâlden en dragen oanpast op basis fan 'e ûntfongen ynformaasje. Allinnich kin dierlike kommunikaasje mear foarmen oannimme as minsklike kommunikaasje, dy't foar in hiel grut part basearre is op spraak. Dierlike kommunikaasje kin opsetlik wêze, lykas by de balts fan fûgels, mar ek ûnbedoeld, lykas by de oerdracht fan 'e rook fan in proai nei in rôfdier of oarsom.

Foarmen fan dierlike kommunikaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dierlike kommunikaasje kin in protte ûnderskate foarmen oannimme. Ien fan 'e meast foarkommende foarmen is fisuele kommunikaasje, dy't taspitst is op it gesichtsfermogen fan 'e ûntfanger. Fisuele kommunikaasje fynt plak mei gebearten (lykas de balts fan fûgels), gesichtsútdrukkings (bgl. by echte ara's), eachloaitsfolgjen (wêrby't ien bist de blik of eachloaits fan in oar bist folget om te sjen wêr't dy nei sjocht, bgl. by apen), it feroarjen fan kleur (lykas by oktopussen en kameleöns) en bioluminesinte kommunikaasje (lykas by fjoermiggen of glimwjirms, mar ek by fisken út 'e djipsee).

Auditive kommunikaasje, dat gebrûk makket fan it gehoar fan 'e ûntfanger, fynt benammen plak troch fokalisaasjes, lykas fûgelsang by fûgels, miaukjen, spinnen en blazen by katten, blaffen en grânzgjen by hûnen, brullen by liuwen en tigers, spûkgûlen by wolven en oare hûneftigen, trompetterjen by oaljefanten, sjongen by walfisken, ensfh. Beskate soarten ynsekten fokalisearje net mar wriuwe hurde, ribbelige lichemsdielen tsjininoaroan, in ferskynsel dat stridulaasje hjit. Dat is it bekendst fan imerkes, sprinkhoannen en sikaden, mar it wurdt ek dien troch flinters, meepsen en krobben, en teffens troch lidpoatigen dy't gjin ynsekten binne, lykas spinnen, skorpioenen, kreefteftigen, tûzenpoaten en miljoenpoaten. Ek it fluitsjen fan marmotten, prêrjehûnen en beskate soarten grûniikhoarntsjes is strikt nommen net fokalisearjen. Rattelslangen rattelje by wize fan warskôging mei de 'rattel' dy't by harren it sturtpuntsje foarmet.

In nijsgjirrich laam ûndersiket in nuete knyn: in foarbyld fan yntersoartlike kommunikaasje wêrby't lichemshâldings en rook in rol spilet.
It sjongen fan 'e bultrêch, in walfiskesoarte.

Olfaktoaryske kommunikaasje is rjochte op 'e rooksin fan 'e ûntfanger. It is de âldste foarm fan dierlike kommunikaasje, mar der is ek it minst oer bekend. Elts bist jout in rook ôf, dy't troch soartgenoaten of leden fan oare soarten oppikt wurde kin. Foar soartgenoaten fertelt it de ûntfanger faak wat oer de leeftyd, it geslacht, de geslachtsripens en tyldriftigens fan 'e stjoerder. Olfaktoaryske kommunikaasje tusken soarten hat ornaris te krijen mei ynteraksjes fan rôfdieren en proaidieren. Rôfdieren fine in rookspoar fan harren proai en folgje it; proaien wurde de rook fan in rôfdier gewaar en naaie út.

Somatosensoaryske kommunikaasje giet fia oanrekking troch de taastsin. Soks is by bisten faak in tige wichtich ûnderdiel fan kommunikaasje. It komt foar yn ferskillende konteksten, lykas fjochtsjen, pearjen, yntegraasje yn 'e groep, foerazjearjen of gearkloftsjen as beskerming tsjin predaasje.

Seldsumer foarmen fan dierlike kommunikaasje binne bgl. elektrokommunikaasje by bisten dy't in elektrysk fjild waarnimme kinne (bgl. snaffeldieren en beskate soarten fisken), seismyske kommunikaasje by bisten dy't trillings troch de grûn oppikke kinne (bgl. kikkerts, kangoeroerotten, bijen en rûnwjirms), en termoresepsje oftewol it gewaarwurden fan 'e ôfjefte fan lichemswaarmte, bgl. fan in proaidier troch slangen dy't yn it ynfrareade diel fan it fisuele spektrum sjen kinne.

Undersyk nei dierlike kommunikaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dierlike kommunikaasje is in fluch groeiend ûndersyksmêd dat in wichtige rol spilet yn 'e gedrachsbiology of etology, mar ek yn 'e neurobiology en wat dierlike kognysje oangiet. It omfettet ferskate aspekten, lykas it gebrûk fan symboalen, emosjonele ekspresje, learen en seksueel hâlden en dragen.

Yn 'e gedrachsbiology wurdt by dierlike kommunikaasje strikt nommen pas fan in 'sinjaal' sprutsen, wannear't de ûntfanger op basis fan 'e ûntfongen ynformaasje ek wier-wier syn hâlden en dragen feroaret. Om yn 'e rin fan 'e evolúsje it fermogen ta it ôfjaan (produksje) fan in sinjaal en it fermogen ta it ûntfangen (waarnimming of persepsje) fan in sinjaal te behâlden, moatte sawol de stjoerder as de ûntfanger ornaris in beskaat foardiel hawwe fan 'e ynteraksje. It tinken is dat sawol de produksje as de waarnimming mei de dêropfolgjende reäksje har mei-inoar ûntjouwe (evoluëarje).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.