Bismarckiisfûgel
| Bismarckiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus albonotatus | ||||||||||||
| Ramsay, 1884 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
De Bismarckiisfûgel (Todiramphus albonotatus) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae) dy't ferneamd is nei de Bismarckarsjipel (dy't sels wer ferneamd is nei de Dútske rykskânselier Otto von Bismarck). De fûgel waard foar it earst yn 1884 jildich beskreaun troch Edward Pierson Ramsay as Halcyon (Cyanalcyon) albonotata.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 16 oant 18 sm lang en hat in blauwe kroan, in swart masker en in foar it grutste part wyt bealchje mei blauwe wjukken en in blauwe sturt. It wyfke hat in blauwe stút, wylst dy fan it mantsje wyt is. De snaffel is hielendal swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Bismarckarsjipel, in eilannegroep noardeastlik fan Papoea Nij-Guineä. It biotoop bestiet út reinwâlden oant 1000 m boppe seenivo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e Bismarckiisfûgel is lyts. Neffens in rûzing fan 2017 soe dy bestean út heechút 2500 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat troch ferneatiging fan bosk en biotoop de oantallen ôfnimme. De geskikte leefgebieten fan 'e soarte yn it ferspriedingsgebiet binne relatyf goed mei inoar ferbûn en dêrfandinne wurdt oannommen dat de soarte ien subpopulaasje foarmet. De Bismarckiisfûgel stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich (hast bedrige) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
