Springe nei ynhâld

Bismarckdwerchiisfûgel

Ut Wikipedy
Bismarckdwerchiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai dwerchiisfûgels (Ceyx)
soarte
Ceyx websteri
Hartert, 1898
IUCN-status: kwetsber

De Bismarckdwerchiisfûgel (Ceyx websteri; synonym: Alcedo websteri) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte wurdt monotypysk behannele, itjinge betsjut dat de soarte net yn ûndersoarten is ferdield.

De oant 22 sm lange fûgel weaget 54 oant 67 gram, de wyfkes binne wat swierder as de mantsjes. De fûgel is relatyf grut yn ferlikening mei oare soarten út it skaai Ceyx en foar it meast blau mei in krêmkleurich boarst en búk. Se ha in swarte snaffel mei in ljochte punt, it each is swart en de poaten binne griisbrún.

De soarte is endemysk op 'e noardeastlik fan 'e Papoea Nij-Guineä lizzende Bismarckarsjipel. Se libje yn reinwâlden, mar somtiden ek yn net mear yntakte bosken oan 'e benedenrin fan stadich streamende rivieren.

It oantal fûgels fan 'e soarte wurdt troch BirdLife International op 2500 tot 10.000 fûgels rûsd (2018). De oantallen nimme ôf troch de oantaasting fan it leefgebiet en feroarjend lângebrûk, lykas it omsetten fan bosk yn oaljepalmplantaazjes. Op it eilân Nij-Brittanje is bygelyks in soad fan it oarspronklike reinwâld omset yn palmplantaazjes. Dêrfandinne is de soarte troch de IUCN as kwetsber klassifisearre.

De wittenskiplike namme fan'e fûgel is ferneamd nei de Ingelske samler en ûntdekkingsreizger Herbert Cayley Webster (1862-1917).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: