Springe nei ynhâld

Bismarckarsjipel

Ut Wikipedy
Bismarckarsjipel
geografy
lokaasje Stille Oseaan
lân Papoea Nij-Guineä
koördinaten 3°48'S 149°1'E
algemien
ynwennertal ± 500.000
sifers
oerflak 49.700 km²
heechste punt 2.340 m
Satelytôfbyld
Satelytôfbyld

De Bismarckarsjipel is in eilannegroep fan Papoea Nij-Guineä. Se lizze noardeastlik fan Nij-Guineä en binne ferneamd nei de Dútske rykskânselier Otto von Bismarck. De eilannen waarden yn 'e 19e kolonialisearre troch Dútslân.

De earste bewenners fan 'e arsjipel kolonisearren de arsjipel likernôch al 30.000 oant 40.000 jier ferlyn. De earste Europeaan dy't de eilannen besocht wie de Nederlanner Willem Schouten yn 1616. It duorre lykwols noch oant fier yn 'e 19e iuw dat de arsjipel kolonialisearre waard.

Kaart mei Dútsk besit yn 'e Stille Oseaan (1920).

Yn 1884 rôp Dútslân de eastlike helte fan Nij-Guineä mei de omlizzende eilannen en sa ek de Bismarckarsjipel út ta it protektoraat Dútsk Nij-Guineä. Dútslân wie relatyf let mei it opsetten fan in koloniaal ryk en liet de eilannen bestjoere troch de yn 1882 yn Berlyn stifte Neuguinea-Kompagnie (Nij-Guineä Kompanjy). Doe't de Britten der rekken fan krigen dat de Dútsers harren ynfloed yn it gebiet útbouden, rjochten dy op oantrunen fan Austraalje yn novimber yn it súdeastlike diel fan Nij-Guineä in eigen protektoraat op en neamden dat Britsk Nij-Guineä. By de yn 1885 formeel erkende ferdieling fan it eastlike diel fan Nij-Guineä waard de grins tusken Britsk- en Dútsk-Nij Guineä op de 10° súdlike breedtegraad fêstlein. Sa kamen ek de Bismarckeilannen ûnder Dútsk bestjoer. Sûnt 1889 waard de westlike helte troch Nederlân ynnommen.

De Dútsers stiften dêr bestoerlike sintra, lykas Herbertshöhe (no Kokopo) en Simpsonhafen (letter Rabaul) en sy stiften plantaazjes foar de ferbou fan tropyske produkten. Lykas yn oare koloanjes waard de lânseigen befolking twongen om te wurkjen op dy plantaazjes sûnder dat de nije hearskers each hiene foar de kulturele en sosjale struktueren fan 'e befolking.
Nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich foel Austraalje yn septimber 1914 it Dútske diel oan en dy joegen it ferset al rillegau op. Oars as yn 'e gruttere Afrikaanske koloanjes fan Dútslân wiene der gjin echte troepen om it gebiet te ferdigenjen en bestie de hanthavening allinne út de lânseigen Melanezyske plysje. Nei de oarloch krige Dútslân de arsjipel net werom, mar waard it in mandaatgebiet ûnder it Folkebûn. Austraalje naam offisjeel it bestjoer oer ûnder de namme Territory of New Guinea.

Yn jannewaris 1942 besette Japan de Bismarckarsjipel. Rabaul waard foar de Japanske marine en loftmacht in wichtige basis en ien fan 'e sterkste Japanske bolwurken fan 'e regio. De befolking hie slim te lijen ûnder de Japanske besetting. Alliearde troepen, benammen Austraalje en de Feriene Steaten, setten sûnt 1943 mei in rige fan militêre kampanjes útein om de eilannen te isolearjen en Rabaul te neutralisearjen. Rabaul waard omsingele en bombardearre en de Japanners waarden dêr isolearre oant harren oerjefte yn 1945.

Fulkanysk lânskip.

De eilannen binne fan fulkanyske oarsprong mei aktive fulkanen lykas Tavurvur by Rabaul op New Britain. Der is in tropysk klimaat mei in tige rike biodiversiteit op lân en yn 'e see. De heechste berch is Mount Taron mei in hichte fan 2.340 m.

De grutste eilannen binne:

  • Nij-Brittanje (oant 1914 Nij-Pommeren);
  • Nij-Ierlân (oant 1914 Neumecklenburg; Tok Pisin: Niu Ailan);
  • Duke of York-eilannen (oant 1914 Neulauenburg);
  • Lavongai (Neu Hannover);
  • de Sint-Mattias-eilannen;
  • de Admiraliteitseilannen (mei Manus as wichtichste eilân);
  • de Ninigo-eilannen.

Nei't Austraalje de arsjipel oernaam binne de Dútske nammen troch Ingelske nammen ferfongen. Fanwegen de grutte taaldiversiteit en koloniale nammen en meidat Tok Pisin yn skriftlike boarnen brûkt wurde, binne der fan 'e measte eilannen gjin autochtoane nammen fêstlein.

De ynwenners fan 'e arsjipel binne meast Melaneezjers en besibbe oan oare folken yn Papoea Nij-Guinea, de Salomonseilannen, en dielen fan Fanûatû. Op guon eilannen oan 'e râne fan 'e arsjipel binne ek ynfloeden fan Polyneezjers en Mikroneezjers. De identiteit fan in soad minsken is net bûn oan it eilân, mar oan de stamme, de taal dy't se sprekke en it doarp dêr't se weikomme.

Maskers fan 'e Malagan-kultuer yn it Ethnologisches Museum fan Berlyn.

Der wurde tsientallen talen sprutsen, faaks wol mear as 100, meast fan 'e Austronezyske en Papoeaanske taalfamyljes. Dêrnjonken sprekke de minsken Tok Pisin (offisjele taal) en Ingelsk. Faak binne minsken meartalich: se prate in eigen lokale taal yn 'e doarpsmienskip, Tok Pisin yn 'e stêd, en Ingelsk op skoalle of yn formele sitewaasjes.

Misjonarissen ferspraten yn 'e 19e en 20e iuw it kristendom. In grutte mearderheid fan 'e befolking is hjoed-de-dei kristlik. Alle denominaasjes binne goed fertsjintwurdige. Yn rituelen binne noch in soad âlde tradysje bewarre bleaun. De Malagan-kultuer fan Nij-Ierlân is bygelyks bekend om de maskers en útwrydske begraffenisrituelen.

De ekonomy fan 'e eilannen is basearre op lânbou (kokospalmen, kakao, palmoalje), fiskerij en yn guon gebieten toerisme.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bismarck Archipelago fan Wikimedia Commons.