Biskopstangare
| Biskopstangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thraupis episcopus | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De biskopstangare (Thraupis episcopus) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De blaugrize tangare wurdt likernôch 16 sm lang. De fearren op 'e wjukken en oan 'e sturt ha helderblauwe rânen.
By fûgels fan Meksiko oant it noarden fan Súd-Amearika binne de dekfearren fan 'e wjukken ek skitterend blau, wylst oare ûndersoarten mear of minder kontrastearjende wite wjukdekfearren ha. Juvenilen binne doffer fan kleur.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biskopstangaren komme fan Meksiko oant Brazylje yn it leechlân fan tropyske gebieten foar.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De biskopstangare wurdt yn 13 ûndersoarten ferdield:
- Thraupis episcopus cana – Súdeast Meksiko (San Luis Potosí) oant Noard-Fenezuëla en de Peareleilannen.
- Thraupis episcopus caesitia – Lâns de Karibyske kust fan West-Panama (Escudo de Veraguas).
- Thraupis episcopus cumatilis – op Coiba.
- Thraupis episcopus nesophila – meast eastlik Kolombia oant East-Fenezuëla en Trinidad.
- Thraupis episcopus berlepschi – Tobago.
- Thraupis episcopus quaesita – Pasifyske hellingen fan Súdwest Kolombia, West-Ekwador en Noardwest-Perû.
- Thraupis episcopus leucoptera – Eastlike hellingen fan 'e Andes yn Sintraal-Kolombia.
- Thraupis episcopus mediana – fan súdeastlik Kolombia oant noardlik Bolivia en noardlik Brazylje.
- Thraupis episcopus coelestis – tropysk súdeasten fan Kolombia oant Sintraal-Perû en it westlike Amasônegebiet yn Brazylje.
- Thraupis episcopus episcopus – Guyana en Noard-Brazylje.
- Thraupis episcopus caerulea – súdeastlik Ekwador en Noard-Perû (súdlik oant Huánuco).
- Thraupis episcopus major – Sintraal-Perû (Chanchamayo, Ica).
- Thraupis episcopus urubambae – súdeastlik Perû (Urubamba-delling en it streamgebiet fan 'e Amasône).
De ûndersoarte ehrenreichi wurdt ek faak ûnderskieden en libbet oan 'e rivier Purús yn Noardwest-Brazylje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en der wurdt tocht dat de oantallen tanimme. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC, 2021). De hiele populaasje wurdt op likernôch 50 miljoen fûgels rûsd (2016).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Blauwe tangare
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
