Biskopsearrebarre
| Biskopsearrebarre | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ciconia episcopus | ||||||||||||
| Boddaert, 1783 | ||||||||||||
| hast bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De biskopsearrebarre (Ciconia episcopus) is in grutte Aziatyske fûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae). De fûgel wurdt sa neamd om syn opfallende wite nekke wat liket op 'e kraach fan in biskop.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is 75 oant 92 sm lang en it meastepart fan syn fearren is glânzjend swart mei yn it sinneljocht in pears-griene glâns. De búk en sturt binne wyt en de fûgel hat in swart kapke op 'e kop. De swiere snaffel is swartich fan kleur. By guon fûgels is de punt fan 'e snaffel read of donkerread. De eagen hawwe in opfallende djippe wynreade of donkerreade kleur. De lange poaten binne oranje-read oant fjoerread, dy't bytiden wat griizer lykje troch opdrûge drids.
De swarte pet fan folwoeksen fûgels is by juvenilen noch befearre. Oer it gesicht rint in dúdlik wyt plak en de fearren glânzgje net. De woleftige fearren oan 'e nekke binne by juvenilen faak langer as by folwoeksen fûgels. De snaffel en poaten binne grizer.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biskopsearrebarren komme fral yn Yndia, Sry Lanka, Nepal, Bûtan en Bangladesj foar. Yn Pakistan is de fûgel hjoed-de-dei tige seldsum en yn Birma, Tailân, Laos, Kambodja, Fjetnam, it Maleisysk Skiereilân, op 'e Filipinen en yn dielen fan Yndoneezje (Sumatra, Java, de Lytse Sûnda-eilannen en Selebes) is de fûgel ek seldsumer woarn.
De fûgel wurdt oer it algemien fûn op leechlân, mar yn Nepal komt er foar oant op hichten fan sa'n 915 oant 1.400 meter. De fûgel hâldt fan iepen bosk en wiete gebieten lykas iggen, sompen, marren en ûnderstrûpt lân.
De measte autoriteiten ferdiele de fûgel yn twa erkende ûndersoarten:
- Ciconia episcopus episcopus (de meast foarkommende fariant): komt foar yn Súd-Aazje (Yndia oant it fêstelân fan Súdeast-Azië) en de Filipinen.
- Ciconia episcopus neglecta: komt foar op 'e eilannen fan Yndoneezje (Sumatra, Java, de Lytse Sûnda-eilannen en Selebes). De neglecta is wat lytser en hat in oare iriskleur.
Oant net sa lang lyn waard de Afrikaanske wolhalsearrebarre (Ciconia microscelis) as de Ciconia episcopus microscelis ek as in ûndersoarte behannele. Troch nij DNA-ûndersyk en de bou fan 'e fûgel wurdt de Afrikaanske wolhalsearrebarre hast oeral as in folslein aparte soarte beskôge.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Biskopsearrebarren binne relatyf solitêre fûgels en net sa sosjaal as de gewoane earrebarre. Allinne as der in oerfloed oan fretten is, kinne se yn lytse groepkes fan 4 oant 5 fûgels sjoen wurde. Se briede yn beammen, mar net yn koloanjes. Meastentiids lizze se twa oant fjouwer wyteftige aaien. Beide âlden briede op 'e aaien en dat duorret sa'n 30 oant 31 dagen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Súd-Aazje (Yndia, Nepal, Sry Lanka) is de populaasje stabyl of groeit dy sels wat. De fûgels hawwe har dêr oanpast oan it libben yn agraryske gebieten. Troch it ferliezen fan habitat hat de biskopsearrebarre yn Súdeast-Azië in foarse delgong meimakke. De IUCN klassifisearret de fûgel as hast bedrige (NT).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Earrebarre
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam

