Springe nei ynhâld

Bisdom Rottenburg-Stuttgart

Ut Wikipedy
Bisdom Rottenburg-Stuttgart
Domtsjerke Sint-Martinus, Rottenburg
Domtsjerke Sint-Martinus, Rottenburg
Basisgegevens
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
AartsbisdomFreiburg
KatedraalDomtsjerke Sint-Martinus
PatroanhilligeSint-Martinus
Hiemsidewww.drs.de
Skiednis
Oprjochting16 augustus 1821
Hierargy
AartsbiskopGebhard Fürst
Statistyk
Oerflak19.514 km²
Befolking5.149.510 (31.12.2018)
Wêrfan katolyk1.816.083 (31.12.2018)
oandiel befolking: 35,3%
Dekenaten25 (01.12.2014)
Parochy's1.025 (31.12.2018)
Lokaasje aartsbisdom Rottenburg-Stuttgart yn Dútslân.
Lokaasje aartsbisdom Rottenburg-Stuttgart yn Dútslân.

It bisdom Rottenburg-Stuttgart (Dútsk: Bistum Rottenburg-Stuttgart; Latyn: Dioecesis Rottenburgensis-Stutgardiensis) is in roomsk bisdom yn it suden fan Dútslân. It bisdom foarmet ûnderdiel yn 'e tsjerkeprovinsje Freiburg.

It bisdom Rottenburg waard op 16 augustus 1821 stifte mei de twa bullen De salute animarum en Provida solersque as katolike lânstsjerke fan it nije keninkryk Wuertemberch. Dat waard nedich nei't roomske lânsstreken yn it ramt nei de sekularisaasje fan 1803 by it eardere protestantske hartochdom Wuertemberch foege waarden. Mei de ynhuldiging fan 'e earste biskop op 20 maaie 1828, Johann Baptist von Keller, wie it bisdom funksjoneel. Nei de Twadde Wrâldkriich naam it oantal katoliken yn it bisdom troch de ferdriuwing fan 'e Dútsers út eastlike gebieten foars ta.

Under biskop Georg Moser krige de Sint-Eberhardtsjerke yn Stuttgart yn 1978 de status fan ko-katedraal. Sûnt draacht it bisdom de namme Rottenburg-Stuttgart.

Patroanhillige fan it bisdom is Sint-Martinus. 11 novimber of de snein dy't folget op dy datum wurdt as in heechfeest yn it hiele bisdom fierd.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory bisdom Rottenburg-Stuttgart fan Wikimedia Commons.
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommenAkenAugsburgBambergBerlynDresden-MeißenEichstättErfurtEssenFreiburgFuldaGörlitzHamburchHildesheimKeulenLimburchMagdeburgMainzMünchen en FreisingMúnsterOsnabrückPaderbornPassauRegensburgRottenburg-StuttgartSpiersTrierWürzburg
Eardere bisdommenBremenHalberstadtLübeckMindenVerden
· · Berjocht bewurkje