Springe nei ynhâld

Bisdom Doarnik

Ut Wikipedy
Bisdom Doarnik
Kaart fan it bisdom Doarnik (provinsje Henegouwen)
Kaart fan it bisdom Doarnik (provinsje Henegouwen)
Basisgegevens
Lânflagge fan Belgje Belgje
AartsbisdomAartsbisdom Mechelen-Brussel
BiskopssitDoarnik
KatedraalUs-Leaffrouwekatedraal
PatroanhilligeSint-Eleutearius
Sint-Piatus
Hiemsidewww.diocese-tournai.be
Skiednis
Oprjochtingomtrint 500 (earste kear)
1801 (weroprjochting)
StifterRemigius fan Reims (500)
Pius VII (1801)
Hierargy
BiskopFrédéric Rossignol
Statistyk
Oerflak3786
Befolking1360000
Dekenaten7
Parochy's565

It bisdom Doarnik (Latyn: Dioecesis Tornacensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn Belgje. Hjoed-de-dei falt it gebiet gear mei de provinsje Henegouwen, mar iuwenlang omfieme it ek Brugge, Gint en Lille. De katedraal fan it bisdom is de Us-Leaffrouwekatedraal yn Doarnik.

Yn 'e 4e en 5e iuw leine de tichtstbylizzende biskopssitten yn Amiens, Vermand, Reims en Tongeren/Maastricht. It bisdom Doarnik waard om it jier 500 hinne oprjochte op inisjatyf fan Remigius fan Reims. Nei alle gedachten wie it wurkgebiet fan 'e biskop basearre op twa wrâldske territoaria en strekte it him út fan 'e kust oant de Skelde.

Biskip Eleutearius fan Doarnik doopt bekearlingen.

De earste biskop wie Eleutearius fan Doarnik. Op syn stjerbêd frege er oft Medardus, dy't al biskop fan Noyon wie, ek biskop fan Doarnik wurde mocht. Nei Medardus krige Doarnik earst wer eigen biskoppen, mar om it jier 600 hinne waard de persoanlike uny mei Noyon wersteld. Doarnik behâlde wol de eigen katedraal en kapittel, mar de mienskiplike biskop residearre yn Noyon en waard ek dêr keazen. Om't Doarnik fan himsels al in hiel grut bisdom wie, waard it yn 636 yn twa dielen opspjalte, wêrby't it nije bisdom Terwaan ûntstie mei Audomarus as earste biskop.

Perioade 650–1500

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 10e iuw kaam it Doarnikgoa ûnder ynfloed fan 'e greven fan Flaanderen te stean. Om de posysje fan 'e Tsjerke te fersterkjen stelde paus Urbanus II yn 1094 op 'e nij in biskop oan yn it tichtby lizzende Arras. De paus besocht ek om Doarnik in eigen biskop te jaan, mar dat mislearre om't de biskop fan Noyon syn politike ynfloed hâlde woe en hy krige dêrby stipe fan 'e kening fan Frankryk.

Katedraal fan Doarnik.

Yn 1142 waard útein set mei de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal fan Doarnik. De ynwenners fregen op 'e nij om in eigen biskop. Nei it ferstjerren fan paus Innosintius II wist Doarnik de nije paus Eugenius III (mei de stipe fan Bernardus fan Clairvaux) sa fier te krijen dat Eugenius III ein 1145 it beslút naam om foargoed in ein te meitsjen oan 'e persoanlike uny mei Noyon. Begjin 1146 waard de abt fan 'e Finsintiusabdij fan Laon, Anselmus, ta biskop fan Doarnik wijd.

Omtrint 1270 bestie it bisdom út trije aartsdiakenaten: Doarnik, Brugge en Gent. It aartsdiakenat Doarnik omfieme de Frânsktalige dekenaten Doarnik, Lille en Seclin, oanfolle mei de Nederlânsktalige dekenaten Kortrijk en Helkijn. It aartsdiakenat Brugge bestie út de dekenaten Brugge, Oudenburg en Aardenburg. It aartsdiakenat Gint omfette de dekenaten Gint, Roeselare, Oudenaarde en Waas.

De bisdommen yn 'e Nederlannen foar 1559.

Yn 'e 16e iuw barde der troch de opkomst fan it protestantisme in soad op it mêd fan Bibeloersettingen yn 'e folkstaal. Ek yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke waard de taalkwestje jimmeroan wichtiger. It wie langer net te ferdigenjen dat in soad Nederlânsktalige gebieten, ek al fanwegen harren ekonomyske groei, ôfhinklik bleaune fan Frânsktalige sintra. Op oantrunen fan Filips II fan Spanje fierde paus Paulus IV yn 1559 in grutte herfoarming fan 'e bisdommen yn 'e Nederlannen troch (Super universas). Foar it bisdom Doarnik betsjutte it dat de aartsdiakenaten Brugge en Gint ferheft waarden ta selsstannige bisdommen.

Yn 'e 17e iuw ferhuze it seminaarje fan Doarnik ferskate kearen nei Douai en Lille, foaral fanwegen it súkses fan 'e universiteit dêre, mar yn 1686 kearde it definityf werom nei Doarnik.

Troch de militaire konflikten fan Loadewyk XIV fan Frankryk rekken it bisdom Doarnik en it aartsbisdom Kamerijk polityk ferdield tusken de Spaanske Nederlannen en it keninkryk Frankryk. It Konkordaat fan 1801 brocht hjir ienfâld yn: it gebiet om Lille hinne waard oerdroegen oan Kamerijk, wylst de streek om Bergen hinne by Doarnik foege waard. Nederlânsktalige plakken lykas Kortrijk en Wervik gyngen oer nei it bisdom Brugge. Sûnt dat stuit foelen de grinzen fan it bisdom gear mei dy fan it departemint Jemappes, de lettere provinsje Henegouwen. Doe't dizze provinsje yn 1963 útwreide waard mei de ferfrânske gemeenten om Komen en Moeskroen hinne, waard it bisdom dêr yn 1967 op oanpast.

Sûnt 2020 telt it bisdom 7 dekanaten

  • Région de Tournai (Doarnik)
  • Région de Mouscron-Comines (Moeskroen-Komen)
  • Région d'Ath (At)
  • Région de Mons (Bergen)
  • Région du Centre (it sintrum, om La Louvière hinne)
  • Région de Charleroi
  • Région de Thuin-Chimay (it suden fan provinsje)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige side, sjoch foar referinsjes op nl:Bisdom Doornik.

Roomsk-katolike bisdommen yn Belgje
Bisdom AntwerpenBisdom BruggeBisdom GintBisdom HasseltBisdom LuikAartsbisdom Mechelen-BrusselBisdom NamenBisdom Doarnik
· · Berjocht bewurkje