Springe nei ynhâld

Bisdom Brugge

Ut Wikipedy
Bisdom Brugge
Kaart fan it bisdom Brugge (West-Flaanderen)
Kaart fan it bisdom Brugge (West-Flaanderen)
Basisgegevens
Lânflagge fan Belgje Belgje
AartsbisdomAartsbisdom Mechelen-Brussel
BiskopssitBrugge
KatedraalSint-Salvatorkatedraal
PatroanhilligeSint-Donatianus
Karel de Goede
Hiemsidewww.otheo.be
Skiednis
Oprjochting12 maaie 1559 (earste kear)
27 maaie 1834 (twadde kear)
Opheffing15 july 1801 (Konkordaat fan 1801)
StifterPaulus IV (1559)
Gregorius XVI (1834)
Hierargy
BiskopLode Aerts
Statistyk
Dekenaten10
Parochy's339

It Bisdom Brugge (Latyn: Dioecesis Brugensis) is in bisdom dat gearfalt mei de Belgyske provinsje West-Flaanderen. It bisdom hat 10 dekenaten en 339 parochys.

Ancien régime (1559-1801)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de nije tsjerklike yndieling fan 1559 wie it hjoeddeiske West-Flaanderen ferdield oer twa bisdommen: de biskop fan Thérouanne bestjoerde it westlike diel, de biskop fan Doarnik it eastlike diel. Op 12 maaie 1559 rjochte paus Paulus IV it bisdom Brugge op mei de bul Super universas, tegearre mei trettjin oare bisdommen yn 'e Nederlannen. It omfieme it noarden fan West-Flaanderen, in diel fan East-Flaanderen en in diel fan Siuwsk-Flaanderen. It oerbliuwende grûngebiet fan West-Flaanderen hearde by trije bisdommen: it westen hearde by it bisdom Iper, de krite fan Kortrijk by it bisdom Doarnik en de krite fan Tielt by it bisdom Gint. Tegearre mei de bisdommen Iper, Gint, Antwerpen, De Bosk en Roermond waard it bisdom Brugge ûnder de aartsbiskoplike sit fan Mechelen set.

Dêrop folge de bul Ex injuncto troch paus Pius IV fan 11 maart 1561 wêryn't de krekte grinzen fan it bisdom ôfbeakene waarden, de ynkomsten fan it bisdom regele waarden en it kapittel fan 'e katedraal organisearre waard. It bisdom omfieme net de hiele provinsje West-Flaanderen, om't in diel dêrfan it nij oprjochte bisdom Iper waard, dat oer de Westhoek en oer in flink part fan Noard-Frankryk rûn.

De nei 1799 ûnder de Frânsen ôfbrutsen Donatuskatedraal.

It bisdom Brugge, mei as katedraal de Sint-Donatustsjerke, bleau sûnder grutte swierrichheden bestean oant yn 1794. De Frânske Revolúsje en de ferovering fan 'e Súdlike Nederlannen troch de Frânske Republyk makken dêr in ein oan.

As gefolch fan it Konkordaat fan 15 july 1801 tusken paus Pius VII en Napoleon waarden de bisdommen Iper en Brugge opheft en opnommen yn it bisdom Gint, dat oerienkaam mei de departeminten Leie en Schelde. It bisdom telde trije bestjoerlike distrikten (Gint, Iper, Brugge) en ien seminaarje, dat yn Gint stie.

It nije bisdom (1834 oant hjoed-de-dei)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 27 maaie 1834 waard it bisdom Brugge weroprjochte troch de bul Romanae Ecclesiae fan paus Gregoarius XVI, mei as grûngebiet de provinsje West-Flaanderen. Dit gearfallen fan tsjerklike en bestjoerlike grinzen wie in erfenis út de Frânske tiid, wêrby't de yndieling fan it lân yn departeminten as basis nommen waard foar de nije tsjerklike yndieling.

Sint-Salvatorkatedraal.

Om't de eardere Sint-Donatuskatedraal ûnder de Frânske besetting ôfbrutsen wie, waard de parochjetsjerke fan Sint-Salvator en Sint-Eligius oanwiisd as biskoplike tsjerke. De hillige Donatius en de sillige Karel de Goede waarden de patroanen fan it bisdom.

By de weroprjochting yn 1834 waard it Hof fan Pittem de biskoplike residinsje en de sit fan it bestjoer. It gebou fan it eardere seminaarje is sûnt dy tiid eigendom fan de provinsje West-Flaanderen, dy't it oan de biskop ter beskikking stelt.

Yn 1976 waard troch it bisdom in wenning oankocht op it adres Sint-Salvatorskerkhof 18-19, foar it húsfestjen fan helpbiskop Eugeen Laridon (1929-1999). It hûs, dat oan 'e efterkant oan 'e tún fan it biskoplik paleis grinzget, waard it wenplak fan biskop Jozef De Kesel (sûnt 2010) en fan biskop Lode Aerts (sûnt 2016). It Hof fan Pittem wie sûnt dy tiid eksklusyf de sit fan 'e biskoplike administraasje en net mear de biskoplike residinsje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige side, sjoch foar referinsjes op nl:Bisdom Brugge.

Roomsk-katolike bisdommen yn Belgje
Bisdom AntwerpenBisdom BruggeBisdom GintBisdom HasseltBisdom LuikAartsbisdom Mechelen-BrusselBisdom NamenBisdom Doarnik
· · Berjocht bewurkje