Springe nei ynhâld

Bisdom Antwerpen

Ut Wikipedy
Bisdom Antwerpen
Basisgegevens
PatroanhilligeUs-Leaffrou ta Himelopnimming
Hiemsideside fan it bisdom
Skiednis
Oprjochting1559
Hierargy
BiskopJohan Bonny
Statistyk
Oerflak3.826 km²
Dekenaten2
Parochy's276[1]
Gebiet bisdom Antwerpen y Belgje
Gebiet bisdom Antwerpen y Belgje

It bisdom Antwerpen (Latyn: Dioecesis Antverpiensis) is ien fan 'e acht Belgyske bisdommen.

It waard yn 1559 stifte mei de bul Super universas troch paus Paulus IV, dy't de bisdommen yn 'e Nederlannen reorganisearre. It wie lykwols yn 1570 dat de earste biskop fan Antwerpen syn sit ynnaam. It bisdom waard nei de Frânske Revolúsje yn 1801 opheft mei it konkordaat tusken Napoleon en paus Pius VII. Dêrnei waard it gearfoege mei it aartsbisdom Mechelen. Tusken 1559 en 1801 hearde westlik Noard-Brabân ek by it bisdom Antwerpen.

De grinzen fan it bisdom falle net hielendal gear mei it grûngebiet fan 'e provinsje Antwerpen. De gemeenten Bonheiden, Bornem, Duffel, Mechelen, Puurs-Sint-Amands, Sint-Katelijne-Waver en Willebroek hearre by it aartbisdom Mechelen-Brussel.

Katedraal fan it bisdom.

De Us-Leaffrouwe-katedraal yn Antwerpen is de katedraal fan it bisdom. It is in tusken 1352 en likernôch 1530 boude goatyske tsjerke.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Roomsk-katolike bisdommen yn Belgje
Bisdom AntwerpenBisdom BruggeBisdom GintBisdom HasseltBisdom LuikBisdom NamenBisdom Doarnik
· · Berjocht bewurkje