Springe nei ynhâld

Birmeeske toartel

Ut Wikipedy
Birmeeske toartel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaitoarteldowen (Streptopelia)
soarte
Streptopelia xanthocycla
Newman, 1906
IUCN-status: net bedrige

De Birmeeske toartel (Streptopelia xanthocycla) is in fûgel yn it skaai toarteldowen (Streptopelia) út 'e famylje dowen (Columbidae).

De Birmeeske toartel wurdt 30 oant 32 sm lang en liket op 'e Turkske toartel. De grutste ferskillen binne de giele eachring en oer it generaal in wat donkerder fearrekleed. De kop is grizer en de ûnderkant rôzer en wat donkerder. De sturt is langer en de bûtenste sturtfearren ha wite rânen.

It lûd is ek wat oars. It ritme is itselde en hat deselde struktuer, mar it begjint op in hegere noat en einiget op in legere.

De Birmeeske toartel waard earder behannele as in ûndersoarte fan 'e Turkske toartel (Streptopelia decaocto) en wurdt hjoed-de-dei as in aparte soarte beskôge.

Birmeeske toartels wurde allinnich op drûge flakten yn Birma fûn. Waarnimmingen út eastlik Sina binne mooglik Turkske toartels. Se wurde faak yn pearkes of lytse groepkes sjoen.

Yn it ferspriedingsgebiet is de soarte algemien yn drûge gebieten en wurdt er meastentiids oantroffen yn iepen lânskip en yn plantaazjes by doarpen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: