BirdLife International
| BirdLife International | ||
| algemiene ynformaasje | ||
| hist. namme | Ynternasjonale Ried foar de Beskerming fan Fûgels | |
| type org. | koepelorganisaasje | |
| wurkmêd | beskerming fan fûgels | |
| haadkertier | Cambridge (Ingelân) | |
| oprjochte | 1922 | |
| oprjochter | T. Gilbert Pearson Jean Theodore Delacour | |
| orgaan | BirdLife: The Magazine | |
| tal leden | >2,5 miljoen | |
| aktyf yn | hiele wrâld | |
| offisjele webside | ||
| www.birdlife.org | ||
BirdLife International (Ingelsk foar "FûgelLibben Ynternasjonaal") is in ynternasjonale, wrâldwiid aktive koepel fan non-gûvernemintale organisaasjes op it mêd fan 'e beskerming fan fûgels. De prioriteiten fan BirdLife International binne it foarkommen fan it útstjerren fan soarten en ûndersoarten, it identifisearjen en feilichstellen fan wichtige plakken foar fûgels (lykas wetlands), it behâlden of werombringen yn 'e âlde steat fan habitats fan fûgels, en it bystean en oanfiterjen fan fûgelbeskermers yn 'e hiele wrâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BirdLife International waard yn 1922 oprjochte ûnder de namme fan 'e Ynternasjonale Ried foar de Beskerming fan Fûgels (Ingelsk: International Council for Bird Protection, ICBP) troch de Amerikaanske ornitologen T. Gilbert Pearson en Jean Theodore Delacour. Yn 1928 waar de organisaasje omneamd ta it Ynternasjonaal Komitee foar it Behâld fan Fûgels (International Committee for Bird Preservation) en yn 1960 ta de Ynternasjonale Ried foar it Behâld fan Fûgels (International Council for Bird Preservation). Yn 1993 krige de organisaasje syn hjoeddeistige namme.
Hjoeddeistige tastân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed de dei hat BirdLife International mear as 2,5 miljoen leden, fia 116 lidorganisaasjes, dy't ferspraat binne oer de measte lannen en territoaria fan 'e wrâld. Under de lidorganisaasjes binne Fûgelbeskerming Nederlân yn Nederlân, it Keninklik Genoatskip foar de Beskerming fan Fûgels (RSPB) yn it Feriene Keninkryk en it Nasjonaal Audubon Genoatskip (NAS) en it Amerikaansk Natoerbehâld foar Fûgels (ABC) yn 'e Feriene Steaten. It haadkertier fan BirdLife is fêstige yn Cambridge, yn Ingelân.
BirdLife International hat 13.000 gebieten identifisearre dy't wichtich binne foar it bioferskaat yn it algemien en it ferskaat fan fûgelsoarten yn it bysûnder. De organisaasje fungearret as de autoriteit op it mêd fan fûgels foar reade list fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan de Natoer (IUCN). Yn 2015 hie BirdLife International fêststeld dat 1.375 fûgelsoarten (13% fan it totaal) bedrige wurde mei útstjerren en klassifisearre wurde moatte as ien fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid (kwetsber, bedrige, krityk bedrige). De organisaasje sjocht ta op it opstellen, ymplemintearjen en evaluëarjen fan ferskate programma's foar de beskerming fan fûgels yn Afrika, Noard- en Súd-Amearika, Jeropa, Sintraal-Aazje, it Midden-Easten en Oseaanje.
BirdLife International publisearret in eigen tydskrift, BirdLife: The Magazine, dat ienris yn it fearnsjier ferskynt. Yn it blêd stiet nijs oer de beskerming fan fûgels, oanfolle mei gesachhawwende artikels oer fûgelsoarten. Dêrnjonken publisearret BirdLife International in offisjeel jierboek, Bird Conservation International, by de Cambridge University Press, de útjouwerij fan 'e Universiteit fan Cambridge.
Kontroverse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2020 joech BirdLife International ta oan druk út 'e Folksrepublyk Sina om 'e fûgelbeskermingsorganisaasje fan Taiwan as lidorganisaasje te skrassen. De Taiwaneeske Wylde Fûgel Federaasje (TWBF) wie yn 2008 nei oanlieding fan in eask fan BirdLife International al omneamd ta de Wylde Fûgel Federaasje fan 'e Republyk Sina, mar yn desimber 2019 kaam BirdLife mei nije easken oangeande de namme fan 'e organisaasje (dêr't "Republyk Sina" net mear yn foarkomme mocht), de bannen fan 'e organisaasje mei it Taiwaneeske regear, en de ûndertekening fan in dokumint wêryn't de Taiwaneeske fûgelbeskerming him distansjearje moast fan elts stribjen nei de ûnôfhinklikheid fan Taiwan en sels fan eltse utering dat de Republyk Sina (Taiwan) in legitime bestjoerlike ienheid wie. De Taiwaneeske fûgelbeskerming wie oer dy easken noch mei BirdLife oan it ûnderhanneljen en wie ree om se oan syn leden foar te lizzen, doe't BirdLife op 7 septimber 2020 de organisaasje sûnder mear syn lidmaatskip ûntnaam. Neitiid waarden wurknimmers fan BirdLife troch algemien direktrise Patricia Zurita ferbean om op hokker manear dan ek oer dizze kwestje mei de media te kommunisearjen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
