Springe nei ynhâld

Biologysk gefaar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Biologysk gefaarsteken)
It ynternasjonale teken foar biologysk gefaar.

In biologysk gefaar (ek wol bekend ûnder de Ingelske beneaming biohazard) ferwiist nei in biologyske substânsje dy't in bedriging ynhâldt foar de sûnens fan libbene wêzens, mar benammentlik foar de sûnens fan minsken. Sokke stoffen kinne bestean út medysk ôffal of út meunsters fan in mikro-organisme, firus of gifstof (fan in biologyske soarte) dy't by steat is en taast de sûnens oan. Biologyske gefaren wurde yn 'e regel oanjûn mei it biologyske gefaarteken, dat yn 1966 ûntwurpen waard troch Charles Baldwin, in wittenskipper op it mêd fan miljeu en sûnens by de Amerikaanske Dow Chemical Company. It wurdt bgl. ôfdrukt op omhulsels dy't firusmeunsters befetsje en ôffalkontainers foar ynjeksjenullen. It symboal kin ek werjûn wurde yn 'e tekstferwurkingsprogramma's fan moderne kompjûters, as symboal U+2623 fan 'e Unicode-font (☣).

Klassifikaasje foar ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biologysk gefaarlike stoffen wurde foar ynternasjonaal ferfier troch de Feriene Naasjes sa klassifisearre:

  • Category A, UN 2814: besmetlike stoffen dy't gefaarlik binne foar minsken en bisten
  • Category B, UN 2900: besmetlike stoffen dy't allinnich mar gefaarlik binne foar bisten
  • Category B, UN 3373: besmetlike stoffen dy't ferfierd wurde om neier ûndersocht te wurden
  • Regulated Medical Waste, UN 3291: ôffalstoffen of werbrûkber materiaal (lykas organen) fuortkommend út medyske behanneling fan minsken of bisten, of út biomedysk ûndersyk
Brûkte ynjeksjenullen geane yn in saneamde sharps container (container foar skerp materiaal), mei dêrop it biologysk gefaarsteken.

Klassifikaasje oangeande bedrigingsnivo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske Centers for Disease Control and Prevention (CDC) kategorisearje de bedriging foar libbene wêzens dy't útgiet fan biologysk gefaarlik materiaal yn fjouwer saneamde biosafety levels ("biofeilichheidsnivo's"), wêrby't nivo 1 ûngefaarlik of frijwol ûngefaarlik is, en nivo 4 ekstreme risiko's ynhâldt. De resultearjende oantsjutting BSL 1 oant 4 wurdt net inkeld ferbûn oan 'e stoffen sels, mar ek oan 'e laboratoaria en oare fasiliteiten oerienkomstich de stoffen dêr't dêrmei wurke wurdt. De biosafety levels binne:

  • BSL 1: besmetlike baktearjes en firussen lykas de wetterpokken, en teffens guon ûnbesmetlike baktearjes. Beskerming hjirtsjin is minimaal, en befiemet sterile moffen en in beskermjende bril.
  • BSL 2: besmetlike baktearjes en firussen dy't by minsken net mear as mylde sykteferskynsels feroarsaakje, lykas hepatitis A, B en C, de gryp, de sykte fan Lyme, salmonella, de bof, de mûzels en knokkelkoarts.
  • BSL 3: besmetlike baktearjes en firussen dy't by minsken slimme oant fatale sykten feroarsaakje kinne, lykas myltfjoer, it Westnylfirus, it SARS-firus, tuberkuloaze, tyfus, HIV, giele koarts en malaria.
  • BSL 4: besmetlike baktearjes en firussen dy't by minsken slimme oant fatale sykten feroarsaakje, mar dêr't gjin faksêns of oare behannelings foar besteane, lykas it Marburch-firus, it ebola-firus, de ûnderskate hanta-firussen en it lassa-firus. De pokken, dêr't wòl in faksên tsjin bestiet, wurde sa gefaarlik achte dat se likegoed ta BSL 4 rekkene wurde. Op dit nivo moat laboratoariumpersoneel dat mei sok materiaal omgiet, in pak drage mei in eigen beäzemingssysteem dat folslein los stiet fan 'e lucht yn 'e laboratoariumromte, en moatte neitiid ferskate dûsen, in fakuumkeamer, in ultrafiolet-ljochtkeamer, in autonoom deteksjesysteem en oare feilichheidsmaatregels trochrûn wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.