Biogeografy

Biogeografy is de stúdzje fan 'e ferspriedingspatroanen fan organismen en ekosystemen oer geografyske romte en geologyske tiidrekken. Biologyske mienskippen en ôfsûnderlike soarten organismen wurde yn harren evolúsje en harren distribúsje oer de wrâld beynfloede troch geografyske eleminten, lykas berchtmen, rivieren, kusten, poalstreken en oare biotoopbegrinzgings, mar ek troch feroarings dy't oer langere tiid plakfine, lykas berchtmefoarming, kontinintferskowing, klimaatferoaring en eroazje. Yn it ramt fan 'e biogeografy wurdt de wrâld opdield yn acht ekosônes.
Underferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De biogeografy kin ûnderferdield wurde yn trije grutte mêden:
- De fytogeografy ûndersiket de biogeografy fan planten.
- De soögeografy ûndersiket de biogeografy fan bisten.
- De mykogeografy ûndersiket de biogeografy fan skimmels (en poddestuollen).
Utlis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferspriedingspatroanen fan soarten oer geografyske gebieten kinne ferklearre wurde troch in kombinaasje fan evolúsje en histoaryske faktoaren, lykas soartfoarming, útstjerren, kontinintferskowing, berchtmefoarming, eroazje, (feroarings yn) de rin fan rivieren, isolaasje, klimaatferoaring, iistiden en eustasy (fariëarrings fan 'e hichte fan 'e seespegel). Biogeografy omfettet de stúdzje fan plante-, biste- en skimmelsoarten yn harren ferline (troch paleobotany, paleosoölogy en paleomykology), harren tuskentiidske fersprieding en harren oerlibbingskânsen foar de takomst. It giet by biogeografy net inkeld om hoe't it is, mar fral ek om wêrom't it sa is en hoe't it sa kommen is.
De biogeografy is op eilannen faak goed waarnimber. Sokke ferspriedingsgebieten binne oersichtliker om't se beheind binne wat romte oangiet, en dêrtroch mear konsintrearre as de grutter ekosystemen op it fêstelân fan 'e kontininten. Eilannen binne sadwaande ideaal om nije soarten yn in beskaat ferspriedingsgebiet te ûndersykjen. Sa kin waarnommen wurde hoe't sokke nije soarten in nij ferspriedingsgebiet kolonisearje. Wat der mei sokke nije soarten op in eilân bart, komt ek foar op it fêstelân. Eilannen hawwe faak ek in grut bioferskaat en komme foar yn alle klimaatsônes, fan 'e tropen oant de poalstreken. Ek isolearre berchkriten yn in leechlânkrite, isolearre dellings yn berchtmen, of op oare manearen troch lânskipseleminten isolearre gebieten kinne yn dizze kontekst beskôge wurde as "eilannen". Itselde jildt yn 'e praktyk foar (fragminten fan) natoergebieten dy't hielendal omjûn wurde troch kultuerlân.
As helpmiddel by de stúdzje fan biogeografy wurde ekosônes brûkt, dy't it lânoeflak fan 'e wrâld yndiele yn acht (of sân) grutte gebieten mei in yn grutte halen gelikense biogeografy. De moderne biogeografy makket ek gebrûk fan geografyske ynformaasjesystemen (GYS). Dat binne kompjûtermodelen dy't ynset wurde om 'e faktoaren dy't fan ynfloed binne op 'e ferspriedingspatroanen fan organismen te identifisearjen en om takomstige trends yn 'e distribúsje fan organismen te foarsizzen. Ekologyske fraachstellings mei in romtlik aspekt wurde faak ûndersocht mei wiskundige modellen en GYS.
Undersyksskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filosofen út 'e Grykske Aldheid, lykas Aristoteles en Hippokrates, besochten al te ferklearjen wêrom't der bgl. oaljefanten foarkamen yn Afrika en yn Aazje, mar net yn it tuskenleine Midden-Easten en Lyts-Aazje. Yn 'e Midsiuwen, doe't alles wat der yn 'e kristlike Bibel stiet foar letterlik wier holden waard, gie men der yn Jeropa algemien fan útgien dat alle bistensoarten rêden wiene fan 'e Sûndfloed yn 'e Ark fan Noäch en dat se harren dêrútwei neitiid oer de hiele wrâld ferspraat hiene. De Untdekking fan Amearika troch Kristoffel Kolumbus yn 1492 en de waarnimming dat de floara en fauna dêre sterk ferskilden fan dy fan 'e Alde Wrâld, makke dúdlik dat it ferhaal fan 'e Ark in myte wie dêr't net alles út ferklearre wurde koe. It duorre lykwols noch iuwen ear't wittenskippers yn it tiidrek fan 'e Ferljochting ree wiene om it tinken út har kristlike eftergrûn wei los te litten.
Yn 1747 stelde de Dútske botanikus Johann Georg Gmelin foar dat der ferskate sintra fan 'e skepping west hawwe koene. Hy krige byfal fan 'e Frânske natoerûndersiker George Louis Leclerc, greve fan Buffon, dy't syn hypoteze popularisearre. De Dútser Alexander von Humboldt, de grûnlizzer fan 'e fytogeografy, wie de earste dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw it ferbân lei tusken de fersprieding fan planten en it klimaat, dus dat beskate planten op beskate geografyske lokaasjes net groeie wolle om't it der te kâld, te hjit, te wiet of te drûch is.
Unôfhinklik dêrfan kaam om yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ek de soögeografy ta ûntjouwing. De ferneamde Ingelske biolooch Charles Darwin seach op syn wrâldreis op 'e HMS Beagle dat de soarten yn 'e tuskenbeiden klimaatsônes fan Súd-Amearika nauwer besibbe wiene oan 'e soarten út 'e tropyske sônes fan datselde wrâlddiel as mei de soarten út 'e tuskenbeiden klimaatsônes fan Noard-Amearika. Dy waarnimming droech by oan 'e formulearring troch Darwin fan syn evolúsjeteory, wêrmei't er de wrâld fan 'e biology op 'e kop sette.
In oar baanbrekkend wurk op it mêd fan 'e biogeografy wie it boek The Theory of Island Biogeography, dat yn 1967 publisearre waard troch de Amerikaanske ekologen Robert H. MacArthur en Edward Osborne Wilson. Yn dat wurk giet it oer eilânbiogeografy en wurdt in ferbân lein tusken it bioferskaat fan in eilân, de grutte fan dat eilân en de ôfstân fan dat eilân ta in oar eilân of ta it fêstelân. De konklúzje wie dat it tal soarten op in eilân bepaald wurdt troch útstjerren en ymmigraasje fan âlde, resp. nije soarten. In grutter oerflak en in lytsere ôfstân ta it fêstelân liede beide ta in grutter bioferskaat.
Paleobiogeografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De paleobiogeografy bestudearret de histoaryske biogeografy. "Paleo-" komt fan it Grykske παλαιός, palaios, dat "âld" betsjut. By dizze tûke fan wittenskip wurdt gebrûk makke fan paleöntologyske en geologyske ynformaasje, bgl. fan fossilen en fan platetektonyk. Mei de help fan molekulêre analyzes en morfologyske stúdzjes hat it bgl. mooglik west en toan oan dat de sjongfûgels (Passeri) ta ûntwikkeling kommen binne yn Australaazje en (it doe oanbuorjende) Antarktika, en dat se har dêrwei neitiid oer de rest fan 'e wrâld ferspraat hawwe.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
