Springe nei ynhâld

Bioferskaat

Ut Wikipedy
Natoerfreonlik greidrâne-behear yn it Belgyske Condroz, mei planten lykas de roggeblom (blau), de klaproas (read) en kamille.

It bioferskaat is de hiele ferskiningsbreedte yn libbensfoarmen fan 'e natoer op 'e Ierde. Dat kin metten wurde op ferskillende nivo's: nei genetyske fariaasje binnen in beskate soarte, nei it ferskaat oan soarten yn in ekosysteem, in bioom of in geografysk gebiet, of nei it ferskaat oan ekosystemen en libbensmienskippen yn 'e hiele wrâld.

It bioferskaat fan in beskate krite wurdt faak metten oan 'e hân fan 'e soarterykdom, d.w.s. hoefolle soarten der yn dat gebiet foarkomme. Ornaris wurdt dêrby spesifyk sjoen nei in beskate groep soarten, lykas planten, fûgels, kjifdieren of ynsekten. It bioferskaat kin brûkt wurde as in indikator foar de sûnens fan it oanbelangjende gebiet, troch de soarterykdom te ferlykjen mei histoaryske gegevens út deselde krite of mei gegevens út oare mar ferlykbere gebieten.

Bioferskaat hinget nau gear mei it klimaat en is dêrtroch ûngelikens oer de Ierde ferspraat. Sa binne de terrestryske habitats (op lân) yn 'e tropen, dêr't it hjit is, folle soarteriker as yn 'e poalstreken, dêr't it kâld is. Sterker noch: tropyske wâldekosystemen beslane minder as 20% fan it oerflak fan 'e Ierde, mar befetsje sa'n 50% fan alle soarten.

Sûnt it libben op 'e Ierde begûn, hawwe har fiif grutte massa-ekstinksjes foardien en fyftjin of mear lytseren. Dêrby gie it bioferskaat fan 'e hiele wrâld hommels en sterk efterút. De Permysk-Triassyske massa-ekstinksje, 251 miljoen jier lyn, wie it slimst. It duorre doe 30 miljoen jier ear't de wringedieren harren eardere nivo fan bioferskaat wer berikt hiene. Oan 'e oare kant hawwe der yn it ferline ek perioaden west dat der krekt in hiel protte nije soarten bykamen, lykas de saneamde Kambryske eksploazje, 539–514 miljoen jier lyn.

Anno 2025 stiet it bioferskaat, en dêrmei ek it genetysk ferskaat yn 'e hiele wrâld ûnder oanboazjende druk. Oarsaak is de minske, dy't de natoer bleatsteld oan habitatferlies, habitatfragmintearring, ûntbosking en foarmen fan oereksploitaasje (oerbejaging, oerbefisking, oerbeweiding), en teffens oan 'e yntroduksje fan skealike, ynvasive eksoaten. Ek klimaatferoaring, in proses dat troch minsklik hanneljen yn gong set is en geande holden wurdt, spilet in rol. It resultearjende ferlies oan bioferskaat begûn tûzenen jierren lyn al en wurdt gauris oantsjut as de Holosene massa-ekstinksje. Neffens guon teoryen soe de Let-Pleistosene massa-ekstinksje, wêrby't oan 'e ein fan 'e lêste iistiid bisten as de wolhierrige mammoet (Mammuthus primigenius), de hoaleliuw (Panthera spelaea) en de hoalebear (Ursus spelaeus) útstoaren, al it begjin fan 'e Holosene massa-ekstinksje foarme hawwe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.