Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten (1893-1945)
Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten (Ljouwert, 4 septimber 1893 – dêre, 12 febrewaris 1945) wie in Nederlânske rjochter, keamerhear en fersetsman fan Frysk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie de soan fan Coert Lambertus baron van Harinxma thoe Slooten (1865-1927) en Johanna Maria Bieruma Oosting (1871 -1940). Hy troude yn 1927 mei Aleida Sybilla Sara Geertsema (1900 -1975). Se krigen twa bern.
Fan 1927 ôf wie Van Harinxma thoe Slooten rjochter by de arrondissemintsrjochtbank Ljouwert. Begjin jierren 1930 wie er in skoft plakferfangend kantonrjochter yn Beetstersweach. Hy wie keamerhear y.b.t. fan keninginne Wilhemina en wie haad fan it Buro Offier Boargerbefolking (evakuaasje). [1]
Van Harinxma thoe Slooten wie lid fan de seksje Ljouwert fan de Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers en rjochter fan it feemgerjocht (fersetsrjochtbank). Op 12 febrewaris 1945 waard er yn Ljouwert deasketten troch in lânwachter. Dat gie bûten de Dútsers om en it motyf is nea dúdlik wurden. [2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|