Springe nei ynhâld

Binnenmûne (Rhenen)

Ut Wikipedy
Binnenmûne
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plakRhenen
adresKoningin Elisabethplantsoen 3
koördinaten51°57' N 5°34' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjenôtmûne
flecht22,35 / 22,64 m
boujier1873
oare ynformaasje
eignerStifting De Utertske Mûnen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer32645
Webside
www.utrechtslandschap.nl
Kaart
Binnenmûne (Utert)
Binnenmûne

De Binnenmûne is in nôtmûne yn 'e stêd Rhenen yn 'e provinsje Utert. De namme fan 'e mûne ferwiist nei it plak binnen de stedsmuorren fan 'e stêd.

De mûne waard yn 1893 op 'e noardlike stedsmuorre boud dêr't earder in standermûne stie. Fan dy standermûne binne yn 'e nije, rûne stellingmûne ferskillende ûnderdielen yntegrearre. De Binnenmûne rekke al yn 'e jierren 1930 bûten bedriuw en waard doe as kafee-restaurant ynrjochte. Foar dat doel waarden de mealstiennen ferwidere. Yn 'e kape krige de mûne in útsjochpost en sa krige de mûne de namme Panoramamûne. De stelling fan 'e mûne die tsjinst as terras. De mûne bleau oant 1968 in restaurant.

Yn 'e rin fan 'e tiid waard it ûnderhâld fan 'e mûne minder en mei't de Stifting De Uterske Mûnen de mûne yn 1969 oankocht, folge der in restauraasje fan 'e mûne. Dêrby waard de mûne as in wente ynrjochte. It geande wurk is noch jimmeroan oanwêzich, mar der binne gjin stiennen mear.

De mûne draait regelmjittich mei help fan in frijwilliger.

De Binnenmûne is in rûne stellingmûne mei in flecht fan goed 22 m. De roeden ha Aldhollânsk hekwurk mei silen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: