De Lytse Mûne

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Binnemamole)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Lytse Mûne

De Lytse Mûne, ek Binnema Mûne neamd, is in poldermole en ryksmonumint ûnder Stiens, it haadplak fan de gemeente Ljouwerteradiel.

De Lytse Mûne is in mealreeë grûnsiler, dy't fanâlds út 1913 stammet. Yn 1987 waard hy eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't de mûne restaurearje liet en op'en nij sette op syn hjoeddeiske stee oan de súdwestrâne fan Stiens, tichtby de N367. Dêr is er ynmealler foar de eardere polder Binnema. Mei in flecht fan 9 meter is de Lytse Mûne te beskôgjen as de lytste achtkante mûne fan Fryslân en Nederlân. Hy is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]