Bingaalske loaihoarskat
| Bingaalske loaihoarskat | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Prionailurus bengalensis | ||||||||||||
| Kerr, 1792 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Bingaalske loaihoarskat (wittenskiplike namme: Prionailurus bengalensis), soms ek wol de Bingaalske tigerkat neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus). Dit bist is lânseigen yn grutte dielen fan East-, Súdeast- en Súd-Aazje. It is in lytseftige kat, mei in solitêre libbenswize en in karnivoar dieet, dy't yn haadsaak nachts aktyf is. De ûndersoarten ferskille gâns yn kleur, grutte en gewicht. Foarhinne waard ek de Sûndaloaihoarskat (Prionailurus javanensis), dy't foarkomt op 'e westlike eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel, as in ûndersoarte fan 'e Bingaalske loaihoarskat beskôge, mar nij ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat dat in selsstannige soarte is. De IUCN klassifisearret de Bingaalske loaihoarskat as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bingaalske loaihoarskat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1792 troch de Skotske natoerûndersiker Robert Kerr. Dyselde basearre him dêrby op in spesimen út Bingalen; dêrfandinne de ferwizing nei dat gebiet yn sawol de wittenskiplike namme (bengalensis) as yn 'e gebrûksnamme. De oarspronklike wittenskiplike namme fan dit bist wie trouwens Felis bengalensis. Felis is tsjintwurdich it skaai fan 'e wylde katten; it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus) waard yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov. Yn jierren nei 1792 waarden gâns lytse katten út Aazje beskreaun dy't letter synonimen blieken te wêzen fan Prionailurus bengalensis. Foarbylden binne Felis nipalensis, beskreaun troch Thomas Horsfield en Nicholas Aylward Vigors yn 1829, Felis chinensis, beskreaun troch John Edward Gray yn 1837, en Felis microtis, beskreaun troch Alphonse Milne-Edwards yn 1872.

Yn 1939 bestudearre de Ingelske taksonoom en biolooch Reginald Innes Pocock de kolleksje spesimina fan 'e Bingaalske loaihoarskat dy't yn it besit wie fan it Britsk Museum te Londen. Hy sloech foar om ûnderskie te meitsjen tusken de ûndersoarten P. b. bengalensis fan it Yndysk subkontinint en út Súdeast-Aazje, P. b. horsfieldi út 'e eastlike en sintrale Himalaya en P. b. trevelyani út 'e krite Gilgit yn 'e westlike Himalaya. Neitiid waarden dêr noch twa oare ûndersoarten oan tafoege: yn 1949 P. b. alleni fan it eilân Hainan yn 'e Súdsineeske See, en yn 'e 1990-er jierren P. b. iriomotensis (de Iriomotekat) fan it eilân Iriomote yn 'e súdlike Rjûkjû-eilannen fan Japan, dy't earder as in selsstannige soarte beskôge wie.
Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren wiene ferskate Russyske soölogen, ûnder wa Vladimir Geptner, Igor Gromov en Galina Baranova, it net iens mei dy yndieling. Sy leine de klam op 'e ferskillen tusken de spesimina út it Kustterritoarium yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje en dy út waarmere gebieten, lykas Súdeast-Aazje en it Yndysk subkontinint, en woene hawwe dat wat sy de Amoerboskkat neamden in selsstannige soarte wie. Yn 1987 waard dy teory wjerlein troch in groep Sineeske soölogen, dy't krekt de oerienkomsten tusken spesimina út noardlike en súdlike regio's beljochten.
In molekulêre analyze fan meunsters fan 39 loaihoarskatten út it hiele ferspriedingsgebiet brocht yn 2006 oan it ljocht dat de soarte bestie út trije dúdlike faninoar ûnderskate kladen: in noardlikenien en twa súdliken. De noardlike klade omfette Bingaalske loaihoarskatten fan it fêstelân fan noardlik East-Aazje, it Kustterritoarium fan Sibearje, it Koreaanske Skiereilân en de eilannen Taiwan, Iriomote en Tsushima. De earste súdlike klade omfette spesimina fan it Yndysk subkontinint, út 'e Himalaya, fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje en súdlik East-Aazje en fan it eilân Hainan. Yn 'e twadde súdlike klade wiene de spesimina fan 'e eilannen yn 'e Yndyske Arsjipel garre. De twadde súdlike klade stie genetysk sjoen op grutte ôfstân fan 'e oare beide. Op basis fan dat ûndersyk waard yn 2017 besletten om 'e Bingaalske loaihoarskat op te spjalten yn twa selsstannige soarten: de Bingaalske loaihoarskat op it fêstelân fan Aazje en de eilannen fan East-Aazje, en de Sûndaloaihoarskat (Prionailurus javanensis) op 'e eilannen yn it westlike part fan 'e Yndyske Arsjipel.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bingaalske loaihoarskat hat in mânsk ferspriedingsgebiet, dat him útwreidet oer grutte dielen fan East-, Súdeast- en Súd-Aazje. Yn East-Aazje giet it om rûchwei de eastlike helte fan Sina, it eilân Hainan yn 'e Súdsineeske See, it súdeastlike trêdepart fan Mantsjoerije, it Kustterritoarium yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje, it Koreaansk Skiereilân, Taiwan, it ta Japan hearrende eilân Tsushima yn 'e Strjitte Koreä tusken Súd-Koreä en Japan yn, en it eilân Iriomote, noardeastlik fan Taiwan, oan 'e suderein fan 'e string fan 'e ek ta Japan hearrende Rjûkjû-eilannen. Fossilen út it Pleistoseen suggerearje dat de Bingaalske loaihoarskat yn 'e prehistoarje op 'e Japanske Arsjipel in gruttere fersprieding hie. Op it fêstelân ûntbrekt dit bist yn it omskreaune gebiet yn in smelle stripe by hast de hiele eastkust fan Sina lâns en teffens op it Liaodongskiereilân yn it suden fan Mantsjoerije.
Yn Súdeast-Aazje komt de Bingaalske loaihoarskat foar op hast it hiele fêstelân, it nei it suden útstykjende skiereilân Malakka ynbegrepen. Hy ûntbrekt dêr lykwols yn in stikmannich tichtbefolke gebieten, wêrûnder de delta's fan 'e Reade Rivier yn noardlik Fjetnam, de Mekong yn súdlik Fjetnam, de Menam yn sintraal Tailân en de Irrawaddy yn súdlik Birma, en teffens yn it streamgebiet fan 'e Mekong en om it Tonlé Sap hinne, in grutte mar yn sintraal Kambodja.
Yn Súd-Aazje libbet de Bingaalske loaihoarskat yn it op it ferspriedingsgebiet yn Súdeast-Aazje oanslutende easten fan Yndia en it meastepart fan Bangladesj. Dêrwei rint in langrutsen, nei it noardwesten ta útstekkende stripe fan it areaal by de súdflank fan 'e Himalaya lâns oant yn 'e Hindoe Kûsj fan eastlik Afganistan en súdlik Tadzjikistan. In oare útrinner fan it ferspriedingsgebiet omfettet de noardlike helte fan 'e Koromandel, de eastkust fan it Yndysk subkontinint. Fierders bestiet der in grutte isolearre populaasje oan 'e Malabar, de westkust fan it subkontinint. De Bingaalske loaihoarskat ûntbrekt lykwols yn 'e delta fan 'e Brahmaputra yn sintraal Bangladesj.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bingaalske loaihoarskat is in kateftige fan ferlykbere grutte mei de hûskat (Felis catus), mar ranker fan stal, mei yn ferhâlding langere poaten, in lytsere en rûnere kop en earen dy't in minder puntige útein hawwe. Eksimplaren út 'e tropen hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 38,8–66 sm, mei in sturtlingte fan 17,2–31 sm en in gewicht fan 0,6–3,8 kg. Yndividuën út noardlik Sina en it Russyske Kustterritoarium binne oer it algemien grutter en kinne in kop-romplingte fan wol 75 sm hawwe, mei in gewicht fan oant 7,1 kg. De skofthichte fan dit bist bedraacht trochinoar sa'n 41 sm.
Yn syn grutte ferspriedingsgebiet is der by de Bingaalske loaihoarskat safolle fariaasje yn kleur, grutte en gewicht dat lange tiid miend waard dat men mei ferskillende soarten kateftigen te krijen hie. De grûnkleur fan 'e pels is op 'e boppeste lichemsdielen bêzje oant gielich ljochtbrún by de súdlike populaasjes, mar bêzje oant bleek sulvergriis by eksimplaren út it noarden fan it ferspriedingsgebiet. It ûnderste diel fan it boarst en de bealch binne yn alle gefallen ljochter, útskaaiend nei brutsen wyt. Datselde jildt foar de snút, it kin en de kiel.
De grûnkleur wurdt oerdutsen troch in patroan fan swarte spikkels en streekjes dy't oan 'e rânen oergeane yn readbrún. De spikkels en streekjes binne fan ferskillende grutte en foarm. Ofhinklik fan 'e ûndersoarte kin it gean om solide foarmen, mar ek om rozetten. Op 'e rêch rinne 2–4 rigen fan ta streken ferlingde spikkels. Op 'e kop rinne twa promininte streken fan 'e eagen omheech tusken de earen troch, en twa oaren fan 'e bûtenste eachhoeken fansiden ûnder de earen troch. De earen sels hawwe op 'e efterkant in wyt plak sitten. de sturt is likernôch heal sa lang as de kop-romplingte en hat, krekt as it lichem, in spikkelpatroan. Deunby de sturtpunt giet dat oer yn in pear dizenige ringen. De sturtpunt sels is swart.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bingaalske loaihoarskat libbet benammen yn wâldbiotopen. Yn Súdeast-Aazje en op it Yndysk subkontinint komt dat fral del tropysk reinwâld, mar dit bist komt dêr ek foar yn sekundêr wâld en yn plantaazjes. Oan 'e foet fan 'e Himalaya en yn Sina libbet er benammen yn leafwâlden en mingde wâlden en heger op yn 'e Himalaya en yn Mantsjoerije en it uterste easten fan Sibearje komt er foar yn mingde wâlden en nullewâlden. Yn 'e Himalaya libbet de Bingaalske loaihoarskat oant in hichte fan sa'n 3.500 m boppe seenivo, hoewol't ien eksimplaar yn septimber 2012 troch in kamerafâle yn it Natoergebiet Kanchenjunga yn eastlik Nepal filme waard op in hichte fan 4.474 m. Yn kriten sûnder beammen is dit bist seldsum. Yn 'e bergen en yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet mijt er gebieten mei mear as 10 sm snie.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bingaalske loaihoarskat hâldt der in solitêre libbenswize op nei en siket inkeld yn 'e peartiid kontakt mei soartgenoaten. Guon yndividuën binne oerdeis aktyf, mar de grutte mearderheid bestiet út nachtdieren, dy't oerdeis in beskut plak opsykje om te rêsten. Faak dogge se dat yn in beam, mar soms ek tusken stikelige ûndergroei op 'e wâldflier of yn gebieten sûnder beammen. Bingaalske loaihoarskatten binne earsten klimmers en bringe in grut diel fan 'e tiid, ek by it jeien, yn 'e beammen troch.

Harren jachtstrategy is om 'e proai te beslûpen en dan te bespringen. Dêrnei wurdt er fuortendaliks deamakke mei in byt. Oars as in protte oare soarten lytse katten, boartsje Bingaalske loaihoarskatten net mei har iten. It tinken mank mammalogen is dat soks te krijen hat mei it relatyf hege persintaazje fûgels dat se fange. As se dy wer loslitte soene om dermei te boartsjen, fleagen se fuort.
De Bingaalske loaihoarskat kin wol swimme, mar docht dat mar komselden. Hy produsearret in ferskaat oan fokalisaasjes, dy't sterk lykje op dy fan 'e húskat (Felis catus). Foarbylden binne: miaukjen, spinnen, brommen en blazen. It binne territoriale bisten. Beide geslachten sette har territoarium ôf mei rookflaggen troch urine te sproeien, dong ûnbedobbe efter te litten, de klauwen te skerpjen oan hout en mei de kop by foarwerpen lâns te wriuwen.
Wannear't de peartiid falt, hinget ôf fan it klimaat. Yn 'e tropen kinne Bingaalske loaihoarskatten har it hiele jier rûn fuortplantsje, mar yn kâldere kriten yn it noardlike part fan it ferspriedingsgebiet falt de peartiid oan 'e ein fan 'e winter, sadat de jongen yn 'e maityd te wrâld komme. It wyfke is 5–9 dagen efterinoar maartsk. De draachtiid duorret 60–70 dagen, wêrnei't it wyfke op in beskut plak in nêst fan 2–3 jongen smyt. Yn finzenskip weagje dy by de berte 75–130 g. It is net alhiel wis dat dat ek opgiet foar yndividuën yn it wyld. Binnen 2 wiken ferdûbelje se har gewicht, en mei 5 wiken hawwe se har bertegewicht ferfjouwerfâldige. Mei 4 wiken brekke de hoektoskjes troch en wurde se ôfwûn. Yn finzenskip wiene wyfkes op 't gaust geslachtsryp mei 1 jier en krigen se op 't gaust jongen mei 13–14 moannen. Yn finzenskip bedraacht de libbensferwachting fan 'e Bingaalske loaihoarskat maksimaal 13 jier.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bingaalske loaihoarskat is in karnivoar, dy't in grut ferskaat oan proaien fret. Dêrby giet it om lytse sûchdieren, lykas kjifdieren, pipermûzen (dat gjin kjifdieren binne) en hazze-eftigen, mar ek lytse fûgels, fûgelpiken, hagedissen, amfibyen en ynsekten wurde wol lytsman makke. Dat menu wurdt noch oanfolle mei út en troch in aai, wat plomfee en in fisk. Mar mûseftigen meitsje fierwei it grutste part fan it dieet út. Yn gebieten sûnder of mei net folle beammen, jeie Bingaalske loaihoarskatten benammen op rotten.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Bingaalske loaihoarskat binne gruttere rôfdieren, lykas de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus) en de wolf (Canis lupus), mar ek beskate grutte soarten rôffûgels en ûlen. Jongen binne kwetsber foar mear rôfdieren, lykas martereftigen en slangen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bingaalske loaihoarskat hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande is dizze soarte opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat strange betingsten ferbynt oan 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e beskreaune bisten. De wrâldpopulaasje leit rom boppe de 50.000 eksimplaren, en hoewol't der in delgeande trend bestiet, is dit bist (noch) net bedrige. Yn Japan steane de populaasjes op Tsushima en Iriomote (de Iriomotekat) wol op 'e nasjonale reade list as krityk bedrige.
Yn lannen as Sina, Birma en Tailân wurdt de Bingaalske loaihoarskat noch legaal bejage foar syn pels. Tusken 1984 en 1989 waarden yn Sina allinnich al 200.000 Bingaalske loaihoarskatten deade en út in enkête ûnder Sineeske bûntkeaplju die yn dat lêste jier bliken dat se noch 800.000 Bingaalske loaihoarskattehûden op foarrie hiene. Sûnt de Jeropeeske Uny de ynfier fan sok bûnt yn 1989 ferbea, is Japan de wichtichste ymporteur wurden. Anno 2025 is de hannel sterk belune. Los fan 'e pelshannel wurde Bingaalske loaihoarskatten ek deade troch boeren om't se har soms oan plomfee fertaaste, en teffens wurde se wol libben fongen om as eksoatyske húsdieren ferkocht te wurden.

Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2017) erkende ûndersoarten fan 'e Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis):
- P. b. bengalensis Kerr, 1792 (Súd- en Súdeast-Aazje en súdlik Sina, ynkl. Hainan)
- P. b. euptilura Elliott, 1871 (noardlik Sina, Mantsjoerije, it Kustterritoarium yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje, it Koreaanske Skiereilân, Taiwan en de Japanske eilannen Iriomote en Tsushima)
De Iriomotekat (foarh. P. b. iriomotensis) is in krityk bedrige foarm fan 'e Bingaalske loaihoarskat op it eilân Iriomote yn 'e súdlike Rjûkjû-eilannen. Oarspronklik genoat dat bist fan 1967 ôf erkenning as in selsstannige soarte, doe waard er yn 'e 1990-er jierren degradearre ta in ûndersoarte fan 'e Bingaalske loaihoarskat, en sûnt 2017 wurdt er ornaris sjoen as in morfologysk en geografysk ôfwikende populaasje fan 'e noardlike ûndersoarte. Dy saak is lykwols noch net alhiel útiten, mei't der noch fierder ûndersyk dien wurde moat nei dit tige seldsume bist.
Domestisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Argeologyske fynsten fan fossilen yn delsettings út it Neolitikum yn 'e Sineeske provinsjes Shaanxi en Henan toane oan dat de Bingaalske loaihoarskat eins de earste soarte kateftige wie dy't yn East-Aazje troch de minske domestisearre waard. Dat moat teminsten 5.000 jier lyn, en miskien wol langer lyn, syn beslach krigen hawwe. It tinken is dat de bisten brûkt waarden as ûngediertebestriders fan benammen mûzen, wrotmûzen (lykas fjildmûzen) en rotten. Tûzenen jierren letter, mar yn elts gefal foarôfgeande oan it begjin fan 'e Tang-dynasty (618–907), waard de domestisearre Bingaalske loaihoarskat yn dy hoedanichheid ferfongen troch de út it Midden-Easten ôfkomstige hûskat (Felis catus).
Tsjintwurdich wurde Bingaalske loaihoarskatten net mear as húsdier holden. Mar de Bingaalske kat, in ras fan 'e hûskat, is yn 'e 1970-er jierren ûntstien troch de hybridisearring fan húskatten mei Bingaalske loaihoarskatten dy't yn finzenskip holden waarden. De Bingaalske kat is folle wylder as oare hûskatterassen, en eltse fyfde generaasje hat deselde pelskleur en itselde spikkele kleurpatroan as de Bingaalske loaihoarskat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Loaihoarskat
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan

