Springe nei ynhâld

Bingaalske klikstirns

Ut Wikipedy
Bingaalske klikstirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiklikstirnzen (Thalasseus)
soarte
Thalasseus bengalensis
Lesson, 1831
IUCN-status: net bedrige

De Bingaalske klikstirns (Thalasseus bengalensis, ek wol Sterna bengalensis) is in fûgel yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus).

Koloanje yn 'e Reade See, Egypte.

De 33 oant 40 sm lange fûgel hat in spanwiidte fna 76 oant 82 sm en it formaat fan in gewoane klikstirns en hat dêr fierder ek in soad fan. It ferskil is lykwols syn feloranje snaffel. Dêrtroch liket er op 'e keningstirns, dy't wat grutter is en in dikkere snaffel hat.

De Bingaalske klikstirns libbet oan 'e Afrikaanske, Australyske en Súdaziatyske kusten en wurdt yn trije ûndersoarten ûnderskieden:

  • Thalasseus bengalensis bengalensis: noardlike Yndyske Oseaan ynklusyf de Reade See en de Perzyske Golf, oerwinteret oant Súd-Afrika. boppe griis, wat lytser.
  • Thalasseus bengalensis emigratus: briedt oan 'e Middellânske See op eilannen foar de kust fan Lybje en oerwinteret yn West-Afrika. boppe ljochtgriis; wat grutter.
  • Thalasseus bengalensis torresii: Yndoneezje nei it suden oant Queensland, Austraalje, stânfûgel). boppe donkergriis, wat grutter.

De soarte briedt yn grutte en tichte koloanjes, faak mei oare seefûgels. De fûgel bewennet tropyske en subtropyske kusten mei sânstrannen en koraalriffen en foerazjearret yn groepen op lytse fiskjes en garnalen. Nei alle gedachten binne de Australyske fûgels stânfûgels, mar oare populaasjes trekke en oerwinterje yn súdlike rjochting.

De fûgel briedt yn koloanjes op eilannen en oan 'e kust. It nêst leit op 'e grûn en bestiet út in kûltsje mei ien aai, somtiden twa. Beide âlders briede de aaien út yn 21 oant 26 dagen. De pyk wurdt troch it wyfke fersoarage en fleant nei 32 oant 35 dagen út.

Oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. Der binne gjin spesifike bedrigingen bekend. Dêrfandinne stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: