Bill Carr (atleet)
Bill Carr | ||
![]() | ||
![]() | ||
Bill Carr (1932) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William Arthur Carr | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 24 oktober 1909 | |
berteplak | Pine Bluff | |
stjerdatum | 14 jannewaris 1966 | |
stjerplak | Tokio ![]() | |
lingte | 1.72 m | |
gewicht | 66 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Hurdrinnen | |
O.S. | Los Angeles 1932 | |
karriêre-ein | 1932 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() |
William Arthur (Bill) Carr (Pine Bluff, 24 oktober 1909 - Tokio Japan, 14 jannewaris 1966) wie in Amerikaansk hurdrinner.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles twafâldich Olympysk kampioen, op de 4x400 meter estafette mei Ivan Fuqua, Edgar Ablowich en Karl Warner yn in wrâldrekôr fan 3.08,2 en op de 400 meter yn in tiid fan 46,2 wat ek in wrâldrekôr wie. Koart nei de Olympyske Spullen rekke Bill Carr slim ferwûne by in auto-ûngelok en hy hat nea wer in wedstriid rûn.
Carr tsjinne as marineoffisier yn'e Stille Oseaan yn'e Twadde Wrâldkriich. Tsjin de ein fan de kriich trof er syn takomstige frou Rachel yn Shanghai. It pear ferhuze nei Japan, dêr't Carr foar ferskate fersekeringsmaatskippijen wurke.
Bill Carr ferstoar op 14 jannewaris 1966, yn 'e âldens fan 56 jier as gefolch fan hertfalen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|