Bijefretters
| Bijefretters | ||
| Taksonomy | ||
| ryk | dieren (Animalia) | |
| stamme | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse | fûgels (Aves) | |
| skift: | rôldereftigen (Coraciiformes) | |
| famylje: | bijefretterfûgels (Meropidae) | |
| skaai | bijefretters (Merops) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
Bijefretters (Merops) binne in skaai fûgelsoarten yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae). It binne slanke fûgels mei in lange, faak bûge, skerpe snaffel. De measte soarten komme yn Afrika foar, mar der binne ek soarten yn Súd- en East-Jeropa, yn grutte dielen fan Aazje en sels oant yn Nij-Guineä en Austraalje. In oantal soarten binne trekfûgels, lykas de gewoane bijefretter (Merops apiaster), dy’t simmerdeis yn Súd-Jeropa en ek yn Dútslân of Nederlân briedt en foar de oerwintering nei Afrika giet. Se binne kleurryk, faak mei kombinaasjes fan grien, blau, giel en readbrún. In soad soarten hawwe langere middelste sturtfearren. De measte soarten wurde likernôch 16 oant 30 sm lang.
Lykas de namme seit bestiet it iten benammen út ealjebijen, mar se frette ek oare stekkende ynsekten. Se fange fanôf in sitplak harren proai yn 'e flecht en witte betûft de giftige angel út de proai te heljen troch it ynsekt tsjin in hurde ûndergrûn te slaan en de angel der út te drukken of it gifsekje te leegjen. Bijefretters falle ek op troch harren sierlike flecht en it meitsjen fan skerpe bochten.
In soad bijefretters libje yn groepen en briede yn koloanjes. Se grave gatten yn iggen fan rivieren en steile sânklippen. Se kinne aardich wat leven meitsje en ûnder de flecht meitsje se hege ropkes. Bijefretters spylje in rol yn it lykwicht fan ynsektepopulaasjes.
In tal soarten binne trekfûgels, bygelyks de gewoane bijefretter (Merops apiaster). Se hawwe faak in foarkar foar iepen lânskippen: savannes, rivierflakten, iepen bosk of agrarysk gebiet mei steile rânen foar de nêsten.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai telt 28 soarten:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/Trend |
|---|---|---|---|---|
| Merops albicollis | wytkielbijefretter | Súd-Senegal oant Uganda. | net bedrige stabyl[1] | |
| Merops americanus | Filipynske bijefretter | Filipinen | net bedrige stabyl[2] | |
| Merops apiaster | bijefretter | Súd-Jeropa en dielen fan Noard-Afrika en West-Aazje. | net bedrige stabyl[3] | |
| Merops boehmi | Böhms bijefretter | Kongo-Kinsjasa, Malawy, Mozambyk, Tanzania, Sambia. | net bedrige stabyl[4] | |
| Merops breweri | swartkopbijefretter | Angoala, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Kongo-Kinsjasa, Kongo-Brazzaville, Ivoarkust, Gabon, Gana, Nigearia, Súd-Sûdan | net bedrige | |
| Merops bullockoides | wytkopbijefretter | Afrika ûnder de evener. | net bedrige | |
| Merops bulocki | readkielbijefretter | Sûdan (regio) | net bedrige stabyl[7] | |
| Merops cyanophrys | Arabyske griene bijefretter | Arabysk Skiereilân en de Levant | net bedrige | |
| Merops gularis | swarte bijefretter | Tropyske reinwâlden fan Afrika | net bedrige | |
| Merops hirundineus | swellesturtbijefretter | Sub-Sahara Africa | net bedrige stabyl[10] | |
| Merops lafresnayii | Etiopyske bijefretter | Eritreä; Etioopje; Súd-Sûdan; Sûdan | net bedrige stabyl[11] | |
| Merops leschenaulti | brúnkopbijefretter | Yndia eastlik nei Súdeast-Aazje. | net bedrige | |
| Merops malimbicus | rôze bijefretter | Angoala, Benyn, Boerkina Faso, Kongo-Brazzaville, Kongo-Kinsjasa, Ivoarkust, Ekwatoriaal Guinee, Gabon, Gana, Nigearia, Togo. | net bedrige | |
| Merops mentalis | snorbijefretter | Kameroen, Ivoarkust, Ekwatoriaal-Guinee, Gana, Guinee, Libearia, Nigearia, Sierra Leöane. | hast bedrige | |
| Merops muelleri | blaukopbijefretter | Kameroen, Sinraal-Afrikaanske Republyk, Kongo-Kinsjasa, Kongo-Brazzaville, Gabon, Ekwatoriaal-Guinee, Kenia | net bedrige | |
| Merops nubicus | noardlike karmynbijefretter | Benyn, Boerkina Faso, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Kongo-Kinsjasa, Ivoarkust, Eritreä, Etioopje, Gambia, Gana, Guinee, Guinee-Bissau, Kenia, Libearia, Maly, Mauretaanje, Niger, Nigearia, Senegal, Sierra Leöane, Somaalje, Sûdan, Tanzania, Togo, Uganda. | net bedrige | |
| Merops nubicoides | súdlike karmynbijefretter | KwaZûlû-Natal, Namybje oant Gabon, easten fan Kongo-Kinsjasa, Kenia. | net bedrige | |
| Merops oreobates | berchbijefretter | Berchwâlden fan 'e Albertine Rift en Eastafrikaanske berchtmes | net bedrige ?[18] | |
| Merops orientalis | Aziatyske griene bijefretter | Fan 'e kust fan Súd-Iran nei it easten troch Yndia oant Fjetnam. | net bedrige | |
| Merops ornatus | reinbôgebijefretter | Austraalje, Nij Guineä en guon súdlike Yndonezyske eilannen. | net bedrige stabyl[20] | |
| Merops persicus | Blauwangbijefretter | Noard-Afrika, Midden-Easten fan East-Turkije oant Kazachstan en Yndia | net bedrige | |
| Merops philippinus | blausturtbijefretter | Súdeast-Aazje. | net bedrige stabyl[22] | |
| Merops pusillus | Lytse bijefretter | Sub-Sahara | net bedrige | |
| Merops revoilii | Somalyske bijefretter | Etioopje, troch Somaalje nei noardlik en eastlik Kenia | net bedrige | |
| Merops superciliosus | Madagaskarbijefretter | Angoala; Botswana; Boerûndy; Komoaren; Kongo-Kinsjasa; Dzjibûty; Eritreä; Etioopje; Kenia; Madagaskar; Malawy; Majot; Mozambyk; Namymbje, Rûanda; Somaalje; Súd-Sûdan; Sûdan; Tanzania; Uganda; Sambia; Simbabwe. | net bedrige stabyl[25] | |
| Merops variegatus | blauboarstbijefretter | Angoala, Sambia, Tanzania, Uganda, Kongo-Kinsjasa, Nigearia, Kameroen | net bedrige stabyl[26] | |
| Merops viridis | Maleiske bijefretter | Súdeast Aazje. | net bedrige stabyl[27]1 | |
| Merops viridissimus | Afrikaanske griene bijefretter | Sub-Sahara fan Senegal, Gambia oant Etioopje; de delling fan 'e Nyl. | net bedrige | |
