Springe nei ynhâld

Biakflaggesturtiisfûgel

Ut Wikipedy
Biakflaggesturtiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiflaggesturtiisfûgels (Tanysiptera)
soarte
Tanysiptera riedelii
Verreaux, 1866
IUCN-status: gefoelich (hast bedrige)

De Biakflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera riedelii) is ien fan 'e njoggen fûgelsoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Museumeksimplaar Naturalis, Leien.

De Biakflaggesturtiisfûgel wurdt ynklusyf sturt 36 sm lang. De fûgel hat in reade snaffel, in lange wite sturt mei spatels, in wyt boarst, in wite búk en hat blauwe boppedielen mei in wite stút. De Biakflaggesturtiisfûgel hat in ljochtblauwe kroan en dy kleur rint troch oant op 'e rêch en de skouders. De ûnderkant fan 'e wjukken is swart. De soarte liket in soad op 'e gewoane flaggesturtiisfûgel (T. galatea)

Fersprieding en gebiet dêrt er libbet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Biakflaggesturtiisfûgel is endemysk op it twillingseilân Biak-Supiori yn Yndoneezje. It biotoop bestiet út primêre reinwâlden mei hege beammen, mar se wurde ek yn sekundêr bosk oantroffen as dêr hege beammen binne.

It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte is lyts en it leefgebiet wurdt bedrige troch houtkap. Dêrfandinne bestiet der in kâns op útstjerren. Der binne gjin rûzings fan 'e grutte fan 'e populaasje. De soarte wurdt troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as gefoelich. Op Biak is in boskreservaat ynsteld dêr't de fûgel foarkomt en de fûgels soe yn syn ferspriedingsgebiet noch algemien wêze.

De Biakflaggesturtiisfûgel waard yn 1866 troch Verreaux beskreaun. De wittenskiplike namme ferwiist nei J.G.F. Riedel, de assistint fan 'e residient fan Selebes, dy't yn 1866 de fûgel foar dat doel opstjoerde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: