Springe nei ynhâld

Biak

Ut Wikipedy
Biak
geografy
lokaasje Grutte Oseaan
ûnderdiel fan Schouteneilannen
lân Yndoneezje
provinsje Papoea
koördinaten 1°0'S 136°0'E
algemien
ynwennertal 135.460 (31 desimber 2023)
sifers
oerflak 2.455 km²
heechste punt 941 m [1]
kaart
Biak (Yndoneezje)
Biak
Lokaasje Biak yn Yndoneezje.

Biak is ien fan 'e fan 'e Schouteneilannen yn it noardwesten fan 'e provinsje Papoea, Yndoneezje. It leit oan 'e noardlike kust fan Nij-Guineä en it is bekend om syn tropysk reinwâlden en koraalriffen. Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie it eilân in wichtige basis foar de Alliearden. De ynwenners binne benammen fan Melanezyske ôfkomst en prate Biak, in lokaal Austronezysk dialekt.

Geografy en natoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân Biak leit yn de Grutte Oseaan. Biak is it grutste eilân fan 'e Schouteneilannen en wurdt omfieme troch in soad lytse eilantsjes en atollen. De geografyske lokaasje, tichtby de evener, soarget foar in tropysk klimaat mei in hege luchtfochtichheid, hege temperatueren en in dúdlike skieding tusken wiete en drûge seizoenen. Op it eilân binne in pear spektakulêre wetterfallen, lykas de Wafsarak Wetterfal en de Karmon Wetterfal.

Wafsarak wetterfal.

It lânskip fan Biak besstiet foar it grutste part út kalkstienheuvels mei in soad ûndergrûnske grotten. Dy grotten hawwe yn 'e Twadde Wrâldkriich in rol spile, mar binne ek yn ekologysk opsicht fan belang. In bekende grot dy't besocht wurde kin is de Binsari-grot.

De kustlinen fan Biak wurde karakterisearre troch wite sânstrannen, mangroves en grutte koraalriffen, dêr't in soad tropyske fisksoarten, seeskilpodden en oare seebisten libje. Biak wurdt in soad besocht troch dûkers en natoerleafhawwers. Sagara Indah Bosnik Beach, Wari Beach en Tanjung Saruri Beach foarmje belangrike toeristyske attraksjes.

De reinwâlden binne ryk oan plante- en bistesoarten en guon dêrfan binne endemysk. Ferskillende soarten fûgels komme allinnich op Biak foar. De toeristyske ûntwikkeling en de houtkap set de natoer fan Biak ûnder druk, mar der binne ek inisjativen om de natoer better te beskermjen ta behâld fan 'e reinwâlden en koraalriffen.

It eilân Biak hat in rike skiednis mei ynfloeden fan tradisjonele Melanezyske kultueren en lettere koloniale machten. It waard yn 'e 16e iuw ûntdutsen troch Portegeeske en Nederlânske ûntdekkers en kaam lang om let ûnder Nederlânsk bestjoer as part fan Nederlânsk-Nij-Guinea.

Grotten dêr't Japanners harren skûl holden yn 'e Twadde Wrâldkriich.

Japan besette yn it ramt fan harren grutte offensyf yn de Stille Súdsee en Nij-Guinea-regio it eilân yn 1942. Se namen Biak oer fan 'e Nederlanners en begûnen dêr fuortendaliks mei de oanlis fan in militêre ynfrastruktuer troch û.o. ûndergrûnske bunkers en fleanfjilden te bouwen. Yn maaie en juny 1944 fûn de Slach om Biak plak, doe't de Alliearden, benammen Amerikaanske troepen, in grutte oanfal diene om it eilân werom te feroverjen. De slach wie fûl mei swiere ferliezen oan beide kanten. Lang om let slaggen de Amerikanen der yn om de Japanners te ferslaan. Nei de ferdriuwing fan 'e Japanners waard Biak as in wichtige basis foar fierdere militêre operaasjes yn 'e regio brûkt.

Nei de oarloch bleau Biak ûnder Nederlânsk bestjoer, oant it yn 1962 oerdroegen waard oan 'e Feriene Naasjes en yn 1963 oan Yndoneezje.

Op 16 july 1957 stoarte in KLM DC-6B yn 'e buert fan Biak del dy't ûnderweis wie fan Biak nei Manilla. Dêrby kamen 58 minsken oan board om, wêrfan’t in grut part Nederlânske passazjiers wiene. De eksakte oarsaak fan it ûngelok is nea folslein dúdlik woarn, mar technyske problemen of min waar binne as mooglike oarsaken neamd. It wie ien fan 'e grutste rampen yn dy tiid foar de KLM.

It fleantúch wie koart nei opstigen yn Biak ferlern rekke fan de radar. It wrak waard letter yn de see fûn. De eksakte oarsaak fan it ûngelok is nea folslein dúdlik wurden, mar technyske problemen of min waar binne beide as mooglike oarsaken neamd. It wie ien fan de grutste rampen yn dy tiid foar de KLM.

Dizze ramp hie in grutte yndruk op de Nederlânske mienskip yn Nij-Guinea en waard sjoen as in symboalyske skea yn in tiid fan tanimmende ûnwissigens oer de takomst fan it gebiet.

Yn 1969 organisearre Yndoneezje de Act of Free Choice. Dy Act of Free Choice hold yn dat in seleksje fan in lyts groepke minsken, faak ek noch ûnder driging, foar de oansluting fan it eardere Nederlânske Nij-Guineä by Yndoneezje keas. Lykas yn oare parten fan Papoea bestiet der op Biak noch jimmeroan polityk en kultureel ferset tsjin Yndoneezje. In soad minsken fiele har net troch it sintrale Yndonezyske regear erkend. Yn july 1998 fûn it Bloedbad fan Biak plak, doe't Yndonezyske militêren in fredich protest fan Papoea's smoarden en hûnderten minsken ferdwûnen. Guon minsken sizze dat de slachtoffers fan marineboaten yn 'e see smiten waarden. Oant hjoed-de-dei is dat bloedbad net goed ûndersocht en erkend it Yndonezyske gjin ferantwurdlikens. It hjoeddeiske ferset op Biak is net iepenlik, mar bestiet út kulturele wjerstân, lykas it yn stân hâlden fan 'e eigen taal en tradysjes.

De ynwenners fan Biak wurde meastentiids ta de Melanezyske befolkingsgroepen rekkene. Se hawwe in sterke kulturele eigen identiteit, dy't foarme is troch harren bining mei de see, de natoer en ûnderlinge mienskipsbannen. De minsken libje yn in sterke mienskip mei in soad omtinken foar famylje, âlderein en rituelen.

De minsken op Biak prate it Biak, in Austronezyske taal dy't besibbe is oan oare Papoea-talen yn 'e regio. Biak wurdt brûkt yn it deistich ferkear en yn kulturele útdrukkingsfoarmen, lykas lieten, ferhalen en rituelen. Dêrneist wurdt ek it Yndonezysk (Bahasa Indonesia) praat, benammen yn it ûnderwiis, de media en yn oerheidsfunksjes.

It grutste part fan 'e befolking fan Biak is kristlik, fral protestantsk. Nederlânske sindelingen brochten yn 'e 19e en 20e iuw op it eilân it evangeelje. It kristendom hat him yn 'e Biak-mienskip tige djip woartele, mar wurdt faak kombinearre mei tradisjonele riten lykas it ferearjen fan foarâlderlike geasten en natuerkrêften. Seremoanjes, rituelen en feestdagen binne faak sawol religieus as kultureel fan aard.

Kultuer en tradysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kultuer fan Biak is kleurryk. Dûns en muzyk spylje in sintrale rol mei tradisjonele ynstruminten lykas de tifa (in trommel) en lokale sang. By bysûndere gelegenheden wurdt tradisjonele, fan natuerlik materiaal makke, klean droegen. In bekende tradysje foarmje de saneamde "Wor"-seremoanjes, tradisjonele rituelen dy't brûkt wurde by ferienings, ûnderhannelings of it sluten fan frede tusken famyljes of doarpen.

Fiskersboaten.

In grut part fan 'e ynwenners fan Biak wurket yn 'e fiskerij en lânbou of docht oan ambachtlik wurk. De see spilet ek hjoed-de-dei in sintrale rol yn it libben fan 'e befolking, net allinne as boarne fan iten mar ek as ûnderdiel fan harren identiteit. Hjoed-de-dei is der ek sprake fan toerisme op it eilân, fral ekologyske toerisme. Fanwegen de rike koraalriffen wurdt Biak ek in soad troch dûkers besocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: