Betty Robinson
Betty Robinson | ||
![]() | ||
![]() | ||
Betty Robinson (1920) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elizabeth Robinson | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 23 augustus 1911 | |
berteplak | Riverdale | |
stjerdatum | 18 maaie 1999 | |
stjerplak | Denver | |
lingte | 1.67 m | |
gewicht | 57 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Sprint | |
O.S. | Amsterdam 1928, Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() |
Elizabeth (Betty) Robinson (Riverdale, 23 augustus 1911 - Denver, 18 maaie 1999) wie in Amerikaanske sprintster. Se wie yn 1928 de earste Olympysk kampioene op de 100 meter foar froulju.
Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 en 1936). Sy waard twa kear Olympysk kampioene, yn 1928 te Amsterdam op de 100 meter dy't foar froulju foar it earst op it programma stie, en yn 1936 op de 4x100 meter estafette mei Annette Rogers, Harriet Bland en Helen Stephens.
Yn 1931 wie Robinson belutsen by in fleantúchûngelok en rekke slim ferwûne. De manlju dy't har fûnen, tochten sels dat sy dea wie en brochten har mei in frachtwein yn earste ynstânsje nei it mortuarium. Dêrnei lei se sân wiken lang yn koma en die der dêrnei twa jier oer om wer normaal rinne te kinnen. Uteinlik werstelde se, mar se miste hjirtroch al de Spullen fan 1932 yn eigen lân. Fiif jier nei it ûngelok pleatste se har foar de Spullen fan 1936 yn Berlyn, nei dizze Spullen sette Betty Robinson in punt efter har sportkarriêre. Se bleau wol belutsen by de atletyk as official. Betty Robinson ferstoar op 18 maaie 1999, yn 'e âldens fan 87 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|