Betheltsjerke (Assen)

Ut Wikipedy
Betheltsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Assen
adres Groningerstraat 14
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1901
arsjitekt J. Smallenbroek
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 469365
offisjele webside
Side Kristlik-grifformearde tsjerke

De Betheltsjerke oan de Grinzerstrjitte yn Assen is in tsjerkegebou fan de kristlike-grifformearde gemeente. De oarspronklik as synagoge boude tsjerke stamt út 1901 en is sûnt 1994 in ryksmonumint.

Synagoge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien dy't de bou as syngoge betinkt

Om't harren synagoge út 1832 te lyts waard, lieten de joaden fan Assen yn 1901 in nije synagoge bouwe. De opdracht waard jûn oan Jan Smallenbroek, dy't in eklektysk gebou ûntwurp. Opperrabbyn Abraham van Loen naam de synagoge yn gebrûk by in feest dat trije dagen duorre. In grut part fan de Asser joaden waard yn de Twadde Wrâldkriich deportearre en fermoarde en yn 1943 waard de gemeente opheft.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

Nei de kriich naam it synagogebestjoer it beslút om it gebou te ferhieren oan de frijmakke-grifformearde gemeente, dy't it gebou op 12 maaie 1947 yn gebrûk naam. Yn 1951 kochten de frijmakke grifformearden it gebou oan. Doe't de gemeente ferhûze nei de Noardertsjerke kaam de Betheltsjerke yn de ferkeap. It bleau jierren leech stean en brûkt foar de opslach fan meubilêr.

Yn 1975 baarnde De Ark, it gebou fan de ûnôfhinklike baptistengemeente, ôf. Likernôch trije jier brûkten de baptisten in diel fan de Betheltsjerke, oant hja harren eigen gebou wer yn gebrûk nommen.

De ôfbraak drige foar de eardere synagoge, doe't de Kristlike Grifformearde Tsjerke harren âlde tsjerke oan de Kanaalstraat 37 yn 1979 ferruilden foar it tsjintwurdige gebou.[1] De tsjerke waard ferboud en renovearre en sûnt funksjonearret it as it tsjerklik sintrum fan de kristlike grifformearde gemeente. Doe't de baptisten harren tsjerke op 'e nij troch brân kwyt rekken, fûnen se op 'e nij tydlik ûnderdak yn de Betheltsjerke oant yn 2007 harren eigen gebou foltôge waard.

Assen is ien fan de gemeenten yn Nederlân dy't mei de saneamde stroffelstiennen har fermoarde joadske ynwenners betinkt. By de Betheltsjerke is sûnt 2012 in plakette dy't útlis jout oer de eardere funksje fan de Betheltsjerke.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de tsjerke waard yn 1980 boud troch de firma Kaat & Tijhuis út Kampen. It ynstrumint is op in eigentiidske wize bassearre op wurk fan Andreas Silbermann (1678-1734) en syn soan Johann Andreas (1712-1783). It front fan read-brún skildere oregan-pine folget it skema fan dat fan Silbermann's oargel fan it Kleaster Marmoutier yn de Elzas. It fykwurk oan it oargel waard makke troch frijwilligers. Op 5 jannewaris 1982 waard it oargel offisjeel yn gebrûk nommen.[2]

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Bethelkerk (Assen)