Betanië

Ut Wikipedy
Tombe fan Lazarus yn Al-Eizariya, it eartiidske Betanië

Betanië (Hebriuwsk: בית עניה) is de namme fan twa ferskillende plakken yn it bibelske Palestina.

It Betanië oan de eastlike kant fan de Oliveberch sa'n 3 kilometer fan Jeruzalim (Jehannes 11:18) wie it plak fan Lazarus, Marije en Marta (Jehannes 11:1). It plak wurdt ferskillende kearen yn de Bibel neamd en Jezus ried op in ezel út Betanië nei de timpel yn Jeruzalim, troch de befolking wolkom hjitten as de kening fan Israel dy't har ferlosse soe. Ek bleau Jezus yn de nacht foar Palmpeaske yn it plak oernachtsjen. It wie ek it Betanië dêr't Simon de Melaatske wenne (Mattéus 26:6). Neffens Lukas 24:50 fûn by Betanië de himelfeart fan Kristus plak. Neffens de tsjerkfaar Hieronymus waard al tige betiid in tsjerke oer it grêf fan Lazarus boud. Yn de midsiuwen stie yn Betanië de troch keninginne Melisende en har suster Ioveta stifte abdij Betanië. Tsjintwurdich hjit it plak Al-Eizariya (Arabysk: العيزرية). De Arabyske namme is in ferbastering fan it Grykske Lazarion ("Plak fan Lazarus").

Neffens Jehannes 1:28 wie der ek in Betanië eastlik fan de Jordaan. Dêr soe Jehannes de Doper doopt ha. Neffens Jehannes 10:40 hat Jezus Him dêr letter ek in skoft opholden. Sûnt Origenes wurdt dat Betanië mei Bethabara identifisearre, in furde fan de Jordaan yn de buert fan it plak dêr't Jezus doopt waard. De argeologyske opgravings fan dat plak, bekend ûnder de namme Al-Maghtas (Arabysk: المغطس; "doopplak"), waarden yn 2015 opnommen yn it UNESCO-wrâlderfgoed fan Jordaanje. Der binne lykwols ek plakken oan de westlike kant fan de Jordaan dêr't Jezus doopt wêze soe. It offisjele plak is Qasr El-Yahud, dat foar Al-Maghtas oer leit oan de westlike kant fan de Jordaan.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]