Springe nei ynhâld

Lidwurd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Beskaat lidwurd)

Lidwurden binne in wurdsoarte. Ta de lidwurden wurde de, it en in rekkene. Yn ûnbeklamme posysje kinne se respektivelik feroarje ta ‘e, ‘t en ‘n. De lidwurden wurde, mei de eigenskiplike foarnamwurden ta de foarbepaling brûkbere foarnamwurden rekkene.

Wat de betsjutting fan it lidwurd oangiet, binne der trije kategoryen;

  • in drukt ûnbepaaldheid út (ûnbepaald lidwurd);
  • de en it drukke bepaaldheid út (bepaald lidwurd);
  • gjin as 'net in' drukt ûntkenning + ûnbepaaldheid út (ûntkennend ûnbepaald lidwurd).

Des, der en den wurde ek wol brûkt yn it Frysk. Lykwols is de frekwinsje fan dy wurden marzjinaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: lidwurd – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika