Springe nei ynhâld

Beryltangare

Ut Wikipedy
Beryltangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara nigroviridis
(Lafresnaye), 1843
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De beryltangare (Tangara nigroviridis) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Fûgel yn it natuerreservaat El Contento, Kolombia.

De soarte is in lytse tangare fan 13 sm lang. Syn fearren binne foar in grut part turkoais, alhoewol't der oer it grutste part fan it bealchje sprake is fan in skobbich patroan mei swart. It boarst en it búkje binne fral swart. De wjukfearren binne swart mei turkoais oant blauwe rânen.

De soarte komt yn 'e tropyske en subtropyske fochtige bosken fan 380 oant 3.340 m yn Bolivia, Kolombia, Ekwador, Perû en Fenezuëla foar en wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield:

  • Tangara nigroviridis nigroviridis: eastlike hellingen fan 'e Andes fan Kolombia en eastlik Ekwador.
  • Tangara nigroviridis (cyanescens of consobrina): Andes fan Kolombia oant noardlik Fenezuëla en West-Ekwador.
  • Tangara nigroviridis lozanoana: bergen fan Fenezuëla (Táchira, Mérida, Zulia en Lara).
  • Tangara nigroviridis berlepschi: Andes fan eastlik Perû oant noardwestlik Bolivia (La Paz en Cochabamba).

De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de populaasje tebekrint.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: