Springe nei ynhâld

Berthold von Bernstorff

Ut Wikipedy
Berthold von Bernstorff

Berthold Hartwig Arthur Eduard Graf von Bernstorff-Wehningen (Berlyn, 21 jannewaris 1842 - Höllwangen, 12 febrewaris 1917) wie in aadlik grutgrûnbesitter en lid fan de Dútske Ryksdei.

Bernstorff gie nei it gymnasium yn Aldenboarch, Grimma en Lüneburg, en dêrnei ek nei de boskbouskoalle (Forstakademie) yn Eisenach en de Universiteit fan Göttingen. Hy wie oant nei 1866 as boskwachter (Forster) oan 't wurk en makke in lânbaokundige stúdzje ôf. Fan 1869 oant 1883 wie er haad fan de Gartower boskwachterij (Forstverwaltung). Sûnt 1877 wie er lid fan de Central-Ausschusses der Königlich landwirtschaftlichen Gesellschaft yn Hannover en nei de ynfiering fan de lânboukeamer (Landwirtschaftskammer) lid fan it bestjoer dêrfan. Fierder wie er sûnt 1883 presidint fan de Lünebürger Provinzial-Vereins. Yn 1883 kaam it famyljebesit yn Wehningen op syn namme en yn 1892 kocht er it eilân Skiermûntseach. Hy wie lid fan de Kreistage Dannenberg en Bleckede, en ek Kreisôffurdige oant 1891. Dêrnjonken wie er lid fan de evangelysk-lutherske lânsynoade sûnt 1890 en Landschaftsrat fan de Lüneburgischen Ritter- und Landschaft, lid fan de Königlich Landes-Ökonomie-Kollegiums en de Dútske Lânbouried.

Fan 1893 oant 1907 hie er in sit yn de Dútske Ryksdei foar it kiesdistrikt Provinsje Hannover 15 (Kreis Lüchow, Landkreis Uelzen, Kreis Dannenberg, Landkreis Bleckede) en de Deutsch-Hannoversche Partei.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Specht, Fritz / Schwabe, Paul: Die Reichstagswahlen von 1867 bis 1903. Eine Statistik der Reichstagswahlen nebst den Programmen der Parteien und einem Verzeichnis der gewählten Abgeordneten. 2e printinge Berlyn: Utj. Carl Heymann, 1904, s. 128