Bert Wiersema

Ut Wikipedy
Bert Wiersema
skriuwer
Bert Wiersema, 2009
Bert Wiersema, 2009
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 maaie 1959
berteplak Grins
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Berneboek
streaming Kristlik
bekendste
  wurk(en)
Chris en Joriekerige
Logboek Lammers-rige
útjouwer Vuurbaak
Columbus (Jongbloed groep)
jierren aktyf 1991 – no

Bert Wiersema (Grins, 11 maaie 1959) is in Nederlânsk auteur fan berneboeken en ûnderwizer.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wiersema waard berne yn it Hûs Tavenier[1] yn Grins. Hy studearre dêr oan de pedagogyske akademy en yn 1980 waard er ûnderwizer op in legere skoalle yn Oerterp. Doe't er it sa bot op it lûd krige dat er net mear foar de klasse stean koe, sette er út ein mei skriuwen. Avontuur op Terschelling wie syn earste publikaasje, foar it moanneblêd Rechte Sporen fan it Bûn foar Grifformearde jeugdorganisaasje, ferbûn oan de Grifformearde Tsjerken frijmakke.

Letter skreau er in fúljeton dat ornearre wie foar publikaasje yn it Nederlands Dagblad. Dat gie net troch, mar útjouwerij Vuurbaak pikte it skript op en joech it út.

Yn 1991 sette Wiersema útein mei de "Chris en Jorieke"-rige, kristlike aventuereferhalen oer in broer en suster út de húshâlding fan in ûnderwizer yn Oerterp. Letter kaam de Logboek Lammers-searje út, oer i skiednisprofessor dy't mei syn húshâlden de wrâld oer reizget. Wiersema skreau ek twa oarlochsromans: Op weg naar de bevrijding, oer in fersetsstrider yn Nederlân en De vergeten strijd oer de kriich yn Nederlânsk-Ynje.

Yn 1998 waard Wiersema dosint yn it fuortset ûnderwiis. He wennet sûnt 2005 yn Drachten.

In part fan Wiersema's boeken is yn it Ingelsk oerset ûnder de skûlnamme Bert E Wiseman.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chris en Jorieke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Dagboek van een overval
  2. Smokkel op het IJsselmeer
  3. Erfenis uit Indonesië
  4. Kerkroof in Maastricht
  5. Autodiefstal per computer
  6. Brandalarm in de nacht
  7. Spokenjacht per helikopter
  8. Jacht op de verdwenen buit
  9. Het raadsel van de blauwe vaten
  10. Avontuur op Terschelling
  11. De ontvoerde professor
  12. Gijzeling op Pampus
  13. Het geheim van de Libries
  14. Ontvoering op Urk
  15. Dieven in de school
  16. Miljoenenbuit op Malta
Chris en Jorieke Dubbeldikkers
  1. Dubbeldikker 1 (Autodiefstal per computer en Spokenjacht per helikopter)
  2. Dubbeldikker 2 (Kerkroof in Maastricht en Gijzeling op Pampus)
  3. Dubbeldikker 3 (Erfenis uit Indonesië en Het geheim van de Libries)

Logboek Lammers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Goudkoorts aan de Nijl
  2. De offersteen
  3. De kluizen van de Titanic
  4. Schaakspel in de wildernis
  5. De koning van Boedapest
  6. Het mysterie van Paaseiland
  7. De verborgen Mayatempel
  8. Terreur op de Ararat
  9. Afrekening in Normandië
  10. De Omegaschuilplaats

Detectivebureau Iris en Ko[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. De ontmaskering van de fietsenvernieler
  2. De supergeheime gemene meidenclub
  3. Rovers op de rommelmarkt
  4. De zenuwslopende zwemviedaagse
  5. Het donkere dierenbeulenbos
  6. De schat van sterke Tjerk
  7. De ongelooflijke ontsnapping van tengere Tinus
  8. De amateurspion in de luchtballon
  9. De brutale bruiloftsboeven
  10. De raadselachtige kluis in het oude jachthuis.
  11. De mysterieuze postzegelpuzzel.
  12. Het raadsel van het Chinese doosje.
  13. De ontdekking van de verborgen oorlogsbrief.
  14. De superslimme dommedievenval.
  15. De ontdekking van de onbegrijpelijke kasteelcode.
  16. Het verhaal van het vreselijke vissenvergif.
  17. Het wondermiddel van Wilhelmina Wengeweer.
  18. Het adembenemende afscheidscadeau van Arie Smith.
  19. Het merkwaardige modelspoorbaanmysterie
  20. Het geheim van het prullenpakhuis.

Simons Spectrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. De Barbarossabunker
  2. De tombe van de tempeliers
  3. Verdwijning in Barcelona
  4. Uitbarsting op Lanzarote
  5. Het monster van Loch Ness
  6. Megadeal in Munster

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De omgekeerde wereld
  • Noodlanding
  • Op weg naar de bevrijding
  • De vergeten strijd van '45-'50
  • Ontvoerd
  • Ontsnapt
  • Ontdekt
  • Wraak van de wolf
  • Leven achter prikkeldraad
  • Mijn papa is niks.
  • Bulldozers in de tuin.
  • Rozemarijns Roemeniëreis
  • Gegijzeld
  • Gevaar in de bergen (mei meilêsfunksje fia QR-koades)

Mei oaren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Het geheim van de oude put
  • Lange nachten (mei Frans van Houwelingen en Henk Koesveld)
  • De beste Jozef
  • Dag school
  • The next step
  • Prentenbijbel (mei Marijke ten Cate)
  • Een regenboog in de woestijn (mei Klarine Sikkema-Wiersema)
  • Van A-gendastress tot Z-omervakantie
  • Operatie kerstboom
  • Kerstverhalen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noat
  1. Fan 1949 oant 1981 de kreamklinyk fan it Diakonessehûs yn Grins